Studinten bouwe duorsum bijehotel op Welcome to The Village

july 20, 2019 08:05

Ofrûne wike wiene fiif studinten fan ferskillende universiteiten en hegeskoallen foar Omrin yn it spier op het DOARPeilân fan it festival Welcome to The Village by Ljouwert. Juster presintearren se harren duorsume ûntwerp. As de testresultaten posityf binne wurdt it bijehotel yn produksje nommen en by ûndergrûnske konteners fan Omrin set.

Studinten presintearje it bijehotel (foto: Omrin)

Mei-inoar it bioferskaat stimulearje is foar Omrin wichtich om sa de wrâld moaier en skjinner te meitsjen. Dêrom dat in festival en in ôffalferwurker mei sirkulêre ambysjes mei-inoar gearwurkje. Net allinne op it mêd fan duorsume ôffalferwurking mar ek op dat fan bioferskaat. De studinten wurken oan in robúst bijehotel, dat oan de nedige betingsten foldwaan moast. It moat bygelyks maklik yn searje nei te meitsjen wêze om it op grutte skaal útsette te kinnen.

Sûnt yn maart fan dit jier fyftjin organisaasjes it Bijepakt ûndertekenen set Omrin him yn foar mear bioferskaat op Ekopark De Wierde en dêrbûten, want “sûnder bioferskaat gjin sirkulêre ekonomy”.

july 20, 2019 08:05
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.