Strân

july 27, 2019 09:30

Resint ferskynd

Strân

Foto: pixabay.com

Ik wol mei dy nei ’t strân,
it is al efkes lyn,
te rinnen hân yn hân
yn ’e hurde wyn.
Do rûnst dêr mei dyn hûn,
ik spruts dy samar oan,
it gelok haw ik doe fûn
by stoarm op it strân.

Hieltyd as it waait,
dan tink ik der wer oan
wêr’t it foar my om draait
en wol ik mei dy nei ’t strân
lykas de earste kear
dat ik dy dêr seach;
ek al wiene der folle mear
’k hie foar dy allinne each.

No is ’t allegearre dien,
do kaamst oan dyn ein,
it is sa hurd gien,
ik wie alhiel ferslein.
As ik allinne rin op ’t strân
fiel ik noch ús bân.
Ik lûk in hert yn ’t sân
en fiel dyn hân yn myn hân.

Sjoerd F. Talsma

july 27, 2019 09:30
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Johannes Rozenga july 27, 14:26

    Drôvich en nijsgjirrich is sa’n ienfoudich gedicht. Aardich betocht.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.