Sorbysk parlemint: ‘Sloop fan ús doarpen moat ophâlde’

july 23, 2019 14:52

Brúnkoalsintrale (foto: Wikipedia/Bodoklecksel)

Yn East-Dútslân wenje de Sorben, in folk mei in eigen taal en kultuer. Hja binne de oarspronklike bewenners fan it gebiet dat Lausitz neamd wurdt. In soad Sorbyske doarpen binne yn de tweintichste en ienentweintichste ieu sloopt. De Sorben easkje no dat dat ophâldt.

Ferline jier hawwe de minsken yn it Sorbyske gebiet ferkiezings útskreaun foar in eigen ‘parlemint’ fan 24 minsken. Dat moat de belangen fan de Sorben fertsjintwurdigje. De fertsjintwurdiging is opset neffens it foarbyld fan oare minderhedeparleminten, lykas dat fan de Samen yn Laplân.

Yn de streek Lausitz wurdt brúnkoal út ‘e grûn helle. Dat begûn yn de lette njoggentjinde ieu op lytse skaal, mar yn de tweintichste ieu naam de skaal ta. De brúnkoalwinning wurdt dien mei grutte masines, dy’t kilometers lange streken troch it lânskip lûke. As der in doarp yn it paad stiet, dan wurdt dat sloopt. Dat wie yn de tiid fan ‘e DDR al sa en nei de werferieniging binne de Dútske oerheid en de enerzjymaatskippijen dermei trochgien.

Neffens it Sorbyske parlemint binne wilens al 140 doarpen ferneatige. Dat is in drama foar de minsken en it lânskip, mar ek foar de Sorbyske kultuer. Der binne mar sa’n fyftichtûzen minsken mear dy’t Sorbysk prate en alle kearen as in doarp sloopt wurdt, ferdwynt in part fan de taalmienskip. It Sorbyske parlemint wol dêrom dat de brúnkoalwinning fuortendaliks ophâldt.

It doarpke Mühlrose/Miloraz stiet op ‘e nominaasje om sloopt te wurden. It hie in pear jier lyn noch 280 ynwenners. No wenje der minder as twahûndert minsken. In soad hawwe harren hûs ferkocht en binne fuortgien. Goed hûndert ynwenners binne fan doel om dat meikoarten te dwaan. De rest wol lykwols bliuwe.

De fraksjes fan de partijen Die Grüne en Die Linke stypje de oprop fan it Sorbyske parlemint. Natoerorganisaasje Bund für Umwelt und Naturschutz wiist derop dat de enerzjysintrale yn de regio ek sûnder brúnkoal genôch enerzjy winne kin.

july 23, 2019 14:52
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.