Skûtsjesilen: tsjûgeferklearring nedich nei protest De Lemmer

july 31, 2019 20:24

It protest dat skipper Albert Visser fan it skûtsje fan De Lemmer woansdei nei de SKS-wedstriid by Terherne yntsjinne tsjin skipper Pieter Meeter fan it Akkrumer skûtsje, wurdt pas op tongersdei behannele. Dat hat de sjuery bekend makke. De sjuery wol nammentlik earst noch in tsjûge hearre fan it Akkrumer skûtsje. “Dit ha ik noch nea earder meimakke”, seit skûtsjefolger Geartsje de Vries.

Skipper Pieter Meeter hat woansdei oan de sjuery witte litten dat hy der in tsjûge by ha wol. Mar dy tsjûge is al ûnderweis nei Langwar, dêr’t de folgjende SKS-wedstriid is. De sjuery hat dêrom net genôch ynformaasje om in útspraak dwaan te kinnen yn it protest fan De Lemmer tsjin Akkrum.

Njonken it protest fan De Lemmer tsjin it skûtsje fan Akkrum hie skipper Albert Visser ek noch in protest rinnen tsjin it skûtsje fan Drachten. Dat protest hat De Lemmer lykwols ûndertusken al wer ynlutsen, om’t it Drachtster skûtsje de griene flagge lutsen hat. Dat betsjut dat skipper Jeroen Pietersma fan Drachten syn flater tajout en dêrfoar trije ekstra (straf)punten kriget.

Boarne: Omrop Fryslân

july 31, 2019 20:24
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.