Skûtsjesilen foar allinnichsteanden

july 27, 2019 09:25

Alle allinnichsteanden fan it noarden binne wolkom om mei te silen op in echt skûtsje. Op snein 25 augustus wurde de seilen hyst om út Heech wei lekker út te waaien op de Fryske wetters. Sylûnderfining is net nedich, want in skipper mei bemanning is oanwêzich. Dy helpe mei. Underwilens is de earste boat al fol. Hoe mear oanmeldings, hoe mear skûtsjes meisile. Dan wurde de ferskate boaten op âldens yndield.

Foto: IndiviDuo

Joyce Boerkoel fan relaasjebemiddeling IndiviDuo organisearret al hast njoggen jier ferskate aktiviteiten. Sy leit út: “As in groep ûnbekenden inoar moetsje, fiele in protte harren yn it begjin ûnwennich. Sagau’t wy wat mei-inoar dogge, wurdt de sfear in stik nofliker. Men begjint ommers makliker in petear oer wat men meimakket en hoe’t men wat ûnderfynt. Op dy wize kreëarje ik in platfoarm om oare singles te moetsjen dy’t deselde aktiviteit(en) moai fine.”

Is der al in spantsje ûntstien? “Jawis, ferskate relaasjes binne sa al ûntstien”, fertelt Joyce mei in grutte glim. “Slagget it net om in passende partner te finen of wol ien net meidwaan oan de aktiviteiten, dan kin dy fansels ek beslisse om har of him yn te skriuwen foar relaasjebemiddeling. Dan sil ik helpe mei it finen fan in gaadlike partner.”

Moatte allinnichsteanden har earst by it relaasjeburo ynskriuwe litte om meisille te kinnen? “Nee, alle frijfeinten en -fammen binne wolkom om oan de aktiviteiten mei te dwaan”, leit Joyce út. “Guon brûke in aktiviteit wol om mei my yn ’e kunde te kommen, mei’t se oerwage om har ynskriuwe te litten en dat is fansels prima.

Nijsgjirrich hoe’t it is om op in skûtsje mei te silen? Sjoch dan op de webside fan IndiviDuo foar it ferslach mei foto’s en reaksjes fan dielnimmers fan it skûtsjesilen trije jier lyn.

It skûtsjesilen is op 25 augustus út Heech wei fan 12.45 oant 17.30 oere. Oanmelde is needsaaklik en kin fia de webside of skilje Joyce Boerkoel op 06 – 28 63 39 62.

july 27, 2019 09:25
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.