‘Skotlân troch premier Johnson tichter by ûnôfhinklikens’

july 23, 2019 20:50

Nicola Sturgeon

De kar fan ‘e regearjende konservative partij foar Boris Johnson as premier fan it Feriene Keninkryk kin der wolris foar soargje dat Skotlân him fluch ôfskiedt. Dat hat de Skotske premier Nicola Sturgeon hjoed sein. Hja reagearre op ‘e oankundiging dat Johnson de premierstoel fan Theresa May oernimt.

Neffens frou Sturgeon wol Skotlân goede relaasjes ûnderhâlde mei sawol de oare bewenners fan ‘e Britske eilannen as mei oare Europeeske lannen. Dat Johnson út de EU stappe wol en de mearderheid fan de Skotten net, kin in oanlieding foar Skotlân wêze om hurder oan ôfskieding te wurkjen.

It Britske regear hat lykwols in pear wike lyn te witten dien dat in nij referindum oer in ûnôfhinklik Skotlân ynearsten net tastien wurdt. By it foarige referindum yn 2014 stimde 55 persint fan ‘e Skotten tsjin ôfskieding. Dat wie lykwols foardat der sprake wie fan in Brútstap.

july 23, 2019 20:50
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.