Sizze de Frânsktalige sosjalisten nee tsjin de N-VA?

july 30, 2019 10:42

Bart de Wever

Elio di Rupo (foto: Wikipedia)

In Belgysk regear mei de grutste Nederlânsktalige en de grutste Frânsktalige partij liket fan ‘e baan. De ynformateurs Johan vande Lanotte en Didier Reynders woene in regear mei op syn minst de Flaamske N-VA en de Frânsktalige PS, mar PS-pommerant Paul Magnette sei fan ‘t wykein dat gearwurking tusken de twa partijen ûnmooglik wie, mei’t se oer wichtige saken te ferskillend tinke.

De ynformateurs soene hjoed in advys oer de foarming fan in nij regear útbringe oan kening Filip, mar dy hat harren útstel jûn oant 9 septimber. Hja sille yn alle gefallen fierder prate mei de N-VA en de PS. Salang’t PS-foarsitter Elio di Rupo net seit dat gearwurking mei de N-VA ûnmooglik is, leauwe hja dat de doar noch yn it kear stiet.

Ien partij is wilens ôfheakke. Dat is de Frânsktalige miljeupartij Ecolo. De Nederlânsktalige susterpartij Groen praat noch wol mei. Fierder prate de ynformateurs mei de Nederlânsktalige sosjalisten fan de sp.a, de twa liberale partijen MR en Open Vld en it Flaamske kristen-demokratyske CD&V. De ynformateurs geane net op ‘e siik nei in regear dat in twatredde mearderheid yn it parlemint hat. In gewoane mearderheid is neffens harren al dregernôch. Om de herfoarmings troch te fieren dy’t de N-VA graach wol, mei mear autonomy foar de dielsteaten, is wol sa’n mearderheid fan twatredde nedich.

Yn Flaanderen en Walloanië wurde ek nije dielsteatregearen foarme. It leit yn ‘e ferwachting dat yn Flaanderen de N-VA regearje sil, mar N-VA-foaroanman Bart de Wever wol neat tasizze salang’t der net mear dúdlikheid is oer de koalysjefoarming op lanlik nivo. Yn Walloanië prate de PS, de liberale MR en it griene Ecolo oer in koalysje.

july 30, 2019 10:42
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.