Sintrale ôfstânsbetsjinning fan brêgen sa sirkulêr mooglik

july 10, 2019 12:50

It bouteam dat oan ’e slach giet mei de nije sintrale foar ôfstânsbetsjinning fan brêgen, is tiisdei 9 july offisjeel úteinset. It wurk is gund oan Bougroep Dijkstra Draisma. De provinsje wol dat der in sa sirkulêr mooglik gebou set wurdt. Dat betsjut ûnder oaren dat mei safolle mooglik brûkte materialen en werbrûkbere grûnstoffen boud wurdt.

Deputearre Fokkens jout brêgewippersklompke oan de direkteur fan de bougroep

Oan de westkant fan Ljouwert bout de provinsje in nije sintrale foar de betsjinning fan sa’n fjirtich provinsjale en gemeentlike brêgen: it Swettehûs. Neist dat it in wurkplak foar sawat tweintich brêgebetsjinners wurdt, docht it nije gebou en terrein skielk tsjinst as útfalsbasis foar provinsjale meiwurkers farweibehear, nautyske saken en de technyske tsjinst foar ûnderhâld fan brêgen en slûzen.

Deputearre Fokkens lange tiisdei symboalysk in brêgewachtersklompke oer oan direkteur Dijkstra fan Bouwgroep Dijkstra Draisma. Hja frege dêrby om it klompke in twadde libben te jaan yn it nije gebou, hielendal passend by de sirkulêre tinkwize. Yn it bouteam wurket de provinsje gear mei de Bouwgroep en ûnderwiis- en kennisynstellingen om mei-inoar in gebou te realisearjen dat sa sirkulêr mooglik is. Fokkens: “Fantastysk dat wy hjir de kâns krije om sirkulêre ekonomy werklik yn ús eigen bedriuwsfiering te ferweevjen. Dat past hiel goed by dit projekt en by de ambysje om koprinner te wêzen yn de sirkulêre ekonomy.

Tydlike betsjinningssintrale
Brêge Dronryp, de Sudergoabrêge yn Warkum en de Van Panhuysbrêge yn Tsjerkwert binne koartby oergien op ôfstânsbetsjinning út de tydlike betsjinningssintrale wei. Dat is it eardere projektburo Vrij-Baan en ek de lokaasje foar de nijbou fan it Swettehûs. Dêrwei wurde op dit stuit tsien brêgen op ôfstân betsjinne. Begjin takom jier giet de bou fan start. It Swettehûs is oer twa jier klear foar gebrûk.

july 10, 2019 12:50
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. W H vd Wal july 12, 12:28

    Nou binne d’r sa’n tweintich meiwurkers nedig foar fjirtch brégen !!
    en nou freegje ik my ôf , wer as dan de winst leit want it blieuwt wol op ôfstân fansels,
    as d’r wat mei ‘n boat as skip is , hoe is dan de communikaasje, mei die toeters oan de peallen ?
    sa ek mei as d’r wat mei it forkear is , as de boom wol net omheech as omleech, sille wie dan ús sels mar
    rédde ?
    Wie it dan net better west dat de brégewipper fan e Ryp tagelyk ek nog twa oare brégen betjinje kin sa dat hy d’r binnen n ketier oanwézig is as d’r was mei is !!

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.