Simone Djurrema: Myn Mimi

july 6, 2019 20:00

Kollum

Ik haw altyd sein dat ik katten haatsje. Ik neamde mysels “kattehater” en “hûneminske”. Myn ûnderfiningen mei katten wiene dan ek net geweldich. Doe’t ik au pair wie yn de Feriene Steaten kocht de famylje dêr in poeske, Pretty Kitty. Wat in meunster! It bist koe jin sa op ’e fuotten springe! De simmers wiene dêr lang en waarm yn Georgia, dat jimme kinne wol neigean hoe faak oft ik dat oan ’e bleate skonken fiele mocht!

Fierder haw ik katten troffen dy’t de hiele tiid kopkes joegen en hierren op my ôfstrutsen. Miskien leaf bedoeld mar wolris wat te folle fan it goede. Fansels komme se foaral ast der net op sitst te wachtsjen, bygelyks as se op harren botst ferhierje, en draaie se jin dat fize poepgatsje ta. En it minste is as se sa genietsje dat se ûnferwachts de neils útslane…

Ien fan myn bêste freondinnen is in kattefroutsje. Se hie oant foar koart meastal wol mear as tsien, en dan haw ik de jonge katsjes net meirekkene. Tsjinpoalen lûke inoar blykber echt oan, want ik bin dochs o sa wiis mei har. Ik haw wol hân dat ik by har útfanhûs wie en dat ien fan har katten de heale nacht âle. En de oare moarns hie ik de kattehierren yn ’e eagen. Dus ik woe gjin katten. Wy hawwe it ien kear besocht en it waard neat.

Doe’t we hjir kamen te wenjen hiene myn man en de soan betocht dat der dan ek mar in kat komme moast. Ik haw efkes tsjinaksele, mar doe tocht ik: dat bist kin hjir moai nei bûten. Foarút dan mar. Doe krigen we Mimi. Mimi is in grutte swarte heal-langhierrige poes. Foar de iene helte boerepleatskat en de oare helte Noarske boskkat. Se hoecht net boarstele te wurden en is in protte bûtendoar. En se hâldt en draacht har bytiden as in hûn. Dat ik bin ferkocht. Hielendal!

Myn Mimi. Wat heart dat moai as je it fluch efterinoar sizze, hielendal mei: “Jou my myn Mimi” of “Myn Mimi kom by my.” Ik kom nammentlik út de omkriten dêr’t we net mij sizze mar my. As Mimi yn ’e hûs is, is se leaf en nea optwingerich, en as ik bygelyks nei de telefyzje sit te sjen komt se lekker by my op ’e skurte te spinnen. Se is wol eigenwiis, mar net sa dat wy ússels oer en te folle fiele, mear op in skattige manier. Mimi is de sêftste en leafste kat fan ’e hiele wrâld.

Mar as Mimi nei bûten giet, feroaret se yn in moardmasine. Ik haw wol meimakke dat se binnen tweintich tellen neidat ik har derút litten hie in mûs fong! Ik wol it allegearre net witte, krekt as dat gekryt midden yn ’e nacht as in fokse in hazze fermoardet. En ja, ik haw alris heard dat se in mûs opiet. Dat hoecht leaver ek net wer.

Boppedat bringt sa’n selsstannich bistke ek noeden mei. Se hat yn it begjin alris in wike fuort west. Wy tinke dat se krekt oan in oanriding op ’e dyk ûntsnapt is en net werom doarde. Ik haw hiel wat kearen omrûn te sykjen en te roppen. Wat sille de buorlju wol net tocht hawwe. Jimme witte nammentlik net hoe’t ik rop. Ik wit net rjocht wêrom, mar ik rop altyd: “Miiiiiimi!!! Mimi!!!” En de twadde kear piipje ik sa heech dat de Beegees der neat by binne. En hiel lûd, want se moat it wol hearre as se fierder fuort op jacht is. De buorlju oan ’e oare kant fan ’e dyk sille der wol sêd fan west hawwe, want nei in wike kaam der in auto oan mei de buorman, it buorfamke en, ja hear, myn Mimi! Wat wiene we opluchte! Foaral ik dan, de kattehater fan ’e húshâlding. It is wol apart dat ik krekt it meast ûngerêst bin as se in nachtsje fuort is. Langer is it nea, gelokkich. Mar as der dan op it lân krekt meand is mei trekkers mei grutte gefaarlike skerpe messen, stean ik moarns betiid yn ’e badjas al te piipjen: “Miiiiiimi!!!! Mimi!!!!”, mei yn ’e tinzen rôffûgels, foksen, miskien noch in ferdwaalde wolf of lynks. Dat skynt hjir allegearre te kinnen. De dyk bin ik net sa ûngerêst mear oer. Dat is ien minder.

Oare katten haatsje ik no in bytsje minder, want Mimi is ommers de sêftste en de moaiste en de leafste en de grappigste ensafuorthinne. Miskien bin ik dan net mear in kattehater. Tanksij myn Mimi.

Simone Djurrema-van der Wal út Garyp wennet sûnt 2015 mei har man en bern yn Mellerud yn Sweden.
july 6, 2019 20:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.