Simmerkeunst troch Hollandse Aquarellistenkring

july 13, 2019 08:54

Fan 13 july oant en mei 25 augustus is yn it Natuermuseum Fryslân de eksposysje Meesteres & Moeder te sjen fan de Hollandse Aquarellistenkring. Dêr presintearje sân keunstners wurk yn mei in natuerlike ynslach.

Wurk fan Araun Gordijn (foto: Natuermuseum Fryslân)

Natura Artis Magistra
De natuer is de masteres fan ’e keunst. De natuer, de libbene skepping, is in betingst foar it ûntstean fan keunst. Hieltyd op ’e nij nimme keunstners, séls part fan de natuer, de natuer as útgongspunt, as oanlieding, as ynspiraasjeboarne foar harren wurk. Mar hoe mearfoarmich en nijsgjirrich de natuer ek is, de keunst oertreft har. Sels as eksakte gelikenis neistribbe wurdt, is it resultaat mear as it foarbyld. Keunst ferbynt de minske mei de natuer. De beskôger wurdt ferrike, oan it tinken set, syn of har blik op de werklikheid feroaret. Goede keunst makket lokkich.

‘Oefening Baart Kunst’
Keunstner binne je net samar. Der moat hurd wurke wurde, in soad produsearre en in soad mislearje foar’t der eat ta stân komt dat it deiljocht ferneare kin. Ja, echte keunstners binne nea klear, hja geane altyd troch mei oefenjen, studearjen, feardichheden byslypjen en ferbetterjen. It bestjoer fan de Hollandse Aquarellistenkring is dan ek hiel strang yn de beoardieling fan de kwaliteit fan it wurk fan syn leden.

‘De Wolk meten’ fan Dominique Ampe (foto: Natuermuseum Fryslân)

Troch de natuer ynspirearre
Krekt yn it Natuermuseum Fryslân, dêr’t de rykdom fan de natuer bestudearre en besongen wurdt, is in tentoanstelling fan troch de natuer ynspirearre wurk fan in pear hiel ferskillende leden fan de Kring op syn plak. Yn de simmermoannen eksposearje Dominique Ampe, Araun Gordijn, Arien de Groot, Ineke van Haalen, Jan van Kempen, Kris Spinhoven en Anita Walsmit Sachs harren wurk.

Oer de Hollandse Aquarellistenkring
De Hollandse Aquarellistenkring bestiet sûnt 1945 en bringt profesjonele beoefeners fan it skilderjen mei wetterferve byinoar. Alle leeftiden, stylopfettings en techniken binne yn de Kring fertsjintwurdige. It doel fan de feriening is it befoarderjen en útdragen fan it skilderjen mei wetterferve yn al syn ferskiningsfoarmen, lykas bygelyks akwarel en gûasje.

Foar mear ynformaasje: www.natuurmuseumfryslan.nl en www.hollandseaquarellistenkring.nl.

july 13, 2019 08:54
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.