Salman Rushdie gadingmakker grutte priis foar net-publisearre boek

july 25, 2019 23:13

Salman Rushdie (foto: Wikipedia / David Shankbone, Creative Commons)

It boek Quichotte fan de Yndiaask-Britske skriuwer Salman Rushdie moat noch útkomme, mar it stiet al op ‘e tiplist foar de Booker Prize, ien fan ‘e wichtichste literatuerprizen fan ‘e wrâld. Neffens de sjuery is Quichotte ‘in fernimstige skelmeroman oer it hjoeddeiske Amearika, mei al syn opskuor en gekte’.

De 72-jierrige Rushdie hat de priis al ris earder wûn. Dat wie yn 1981. Doe krige er de priis foar syn boek Midnight’s Children. It makke him wrâldferneamd en syn heitelân Yndia pronke mei him. Dat feroare yn 1989, doe’t de Iraanske geastlik lieder Komeiny Rushdie fûgelfrij ferklearre, om’t er mei syn boek Satanic Verses (yn Nederlân bekend as De duivelsverzen) de profeet Mohammed misledige hawwe soe. Hy moast tolve jier lang ûnderdûke en der stiet noch altyd in priis op syn holle.

Yn 2012 ferskynde it boek Joseph Anton, dêr’t Rushdie syn ûnderdûktiid yn beskriuwt.

Op ‘e tiplist foar de Booker Prize steane trettjin skriuwers en boeken. Op 3 septimber wurdt de toplist buorkundich makke. Wa’t de winner is, wurdt op 14 oktober bekendmakke.

De folsleine tiplist sjocht der sa út:

  • Margaret Atwood – The Testaments
  • Kevin Barry – Night Boat To Tangier
  • Oyinkan Braithwaite – My Sister, The Serial Killer
  • Lucy Ellmann – Ducks, Newburyport
  • Bernardine Evaristo – Girl, Woman, Other
  • John Lanchester – The Wall
  • Deborah Levy – The Man Who Saw Everything
  • Valeria Luiselli – Lost Children Archive
  • Chigozie Obioma – An Orchestra Of Minorities
  • Max Porter – Lanny
  • Salman Rushdie – Quichotte
  • Elif Shafak – 10 Minutes 38 Seconds In This Strange World
  • Jeanette Winterson – Frankissstein
july 25, 2019 23:13
Skriuw in reaksje

3 opmerkingen

  1. Kerst Huisman july 26, 23:07

    O, o, redaksje fan It Nijs. Pas dochs op. Aanst wurrde Abe en Cor wer lulk.

  2. Cor Jousma july 27, 11:10

    Bêste Kerst,

    Do moast goed lêze. Ik wie der klear mei dat do en Abe inoar altyd en ivich yn ‘e bek hingje. Myn reaksje gie net oer de ynhâld fan in cartoon of in stik.

  3. Kerst Huisman july 27, 17:08

    Cor, do moatst de dingen net dikker meitsje as se binne. Ik haw Abe hielendal net yn de bek hongen. Oan de oare lant gong it der wol deeglik om dat sawol Abe as do dy diskusje oer dat buord by de Zwarte Cross eins mar it leafst wat stilhalde woenen. Wylst it dochs wol in wichtige diskusje is.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.