Sa sinleas is it om op dieet te gean

july 25, 2019 11:25

Fitaminepillen, mineralen út in potsje en oare oanfollingen op it gewoane iten dogge neat foar it hert. Dat jildt ek foar de measte diëten. Minsken libje der net langer fan en se wurde der net sûner fan. Dat docht bliken út in grut Amerikaansk ûndersyk.

Undersikers fan de John Hopkinsuniversiteit hawwe 277 ûndersiken nei fiedingssuppleminten nochris besjoen. Dêr die út bliken dat minsken dy’t de middels brûke, net âlder wurde as kontrôlegroepen en dat se like faak lêst fan it hert krije. In spesjaal dieet folgje is ek net sa sinfol. Der binne in pear útsûnderingen. In sâltearm dieet docht de sûnens wol goed, lykas suppleminten mei omega-3-fetsoeren. Foaliumsoer kin wol in geunstige wurking hawwe, mar allinnich yn lannen lykas Sina dêr’t de minsken troch har deistich iten amper foaliumsoer binnenkrije.

Guon suppleminten binne sels skealik. De kombinaasje fan kalsium en fitamine D fergruttet de kâns op in oerhaal. Yn it lân dêr’t it ûndersyk útfierd is, de Feriene Steaten, nimt mear as de helte fan ‘e ynwenners alle dagen op syn minst ien fiedingssupplemint.

Suppleminten dy’t nea dogge foar de sûnens, binne: antyoksidanten, bêtakaroteen, fitamine A, B, C, D en E, multyfitaminen, selenium, kalsium en izer. Diëten dy’t net wurkje, binne it Mediterrane dieet, in dieet mei minder fleis en suvel, in dieet mei minder fersêde fetten, in fetearm dieet, in dieet fan nuten, siedsjes en plantaardige oalje.

It ûndersyk is útfierd ûnder lieding fan Muhammad Khan. In ferslach is ûnder de titel ‘Effects of Nutritional Supplements and Dietary Interventions on Cardiovascular Outcomes’ ferskynd yn it tydskrift Annals of Internal Medicine.

july 25, 2019 11:25
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.