Sa oerlibje jo de gleone hjitte fan de kommende dagen

july 23, 2019 15:19

It wurdt gleonhjit de kommende dagen. Op guon plakken yn Nederlân wurde temperatueren fan boppe de 35 graden ferwachte. As de ferwachtings útkomme, sil it waarmer wurden as ea tefoaren. It KNMI hat koade oranje útjûn, útsein foar de Waadeilannen, dêr’t koade giel fan krêft is. Koade oranje hâldt yn dat it waar nuodlik is en dat men der goed oan docht en bliuw binnendoar.

Yn Fryslân komt it kwik sa heech net, mar temperatueren boppe de tritich graden wurde wol ferwachte foar woansdei, tongersdei en freed.

Ferskate organisaasjes hawwe warskôge foar gefaren dy’t mei de hege temperatueren anneks binne. Liander ferwachtet mear stroomsteurings as oars. Grutte eveneminten lykas de Ljouwerter feemerk en de Boerebrulloft op ‘e Jouwer binne om ‘e risiko’s ôfsein. Wa’t swimme wol, moat op zwemwater.nl earst neisjen oft dat om ‘e blau-algen kin, mei’t dy by waarmte woltierje. Boeren kinne by it wetterskip teplak foar advizen om genôch wetter te winnen as de sleatten droechsteane. Brêgen kinne troch de waarmte fêst komme te sitten en wurde dêrom rûnom kuolle.

De Ryksoerheid ret elkenien oan om foldwaande te drinken, tinne klean oan te dwaan dy’t wol genôch beskerming tsjin ‘e sinne jouwe, út de sinne te bliuwen, jin goed yn te smarren, ynspanning te mijen, de wente te kuoljen en goed om oaren te tinken dy’t minder goed oer waarmte kinne.

Men kin mei it waar fan de kommende dagen o sa hurd ferbaarne, dêr moat elk rekken mei hâlde.

Omrop Fryslân jout de folgjende tips om de waarmte treast te bliuwen:

#1 Meitsje in airco fan dyn fentilator

Mei iisblokjes en in kopke waarm wetter makkesto hiel maklik dyn eigen airco. Doch de iisblokjes yn in kom en pleats dit foar dyn fentilator. Jit no in bytsje waarm wetter oer de iisblokjes en set de fentilator oan. Silst merke dat der in hearlik koele luchtstream dyn kant opblaast.

#2 Kâlde drankjes troch in wiete hândoek

Maklik en ûnwiis effektyf. Graaf in kûle fan ûngefear in heale meter djip. Doch hjir al it guod yn datst graach kuolle hawwe wolst. Dek de kûle ôf mei in wiete hândoek en voilà, sels yn de folle sinne bliuwt alles yn de kûle hearlik koel.

#3 Ruten iepen of ticht?

Op it hjitste fan de dei wolst de waarme lucht dyn hûs net yn hawwe. Soargje der dêrom foar datst oerdeis de ruten en doarren safolle mooglik tichthâldst. As it jûns ôfkuollet kinst de boel efkes goed trochwaaie litte. Doch dit moarns ek efkes om de waarme lucht it hûs út te litten.

#4 Mint yn it drinkwetter

Mei waarm waar kin wetter drinke hearlik ferkuoljend wurkje. It is ek hiel wichtich om genôch wetter te drinken. Doch foar de feroaring in bytsje mint by dyn wetter en silst merke dat it ekstra ferfrissend priuwt.

#5 Kessen út de friezer

Hasto der wolris muoite mei om yn sliep te kommen mei de waarmte? It kin helpe om dyn kessensloop efkes yn de friezer te dwaan foardatst op bêd giest. Tink der wol om datst it kessen yn in plastic pûde dochst foardatst ‘m yn de friezer stopst. Sa hast in hearlik kâld kessen om mei yn sliep te fallen.

#6 Stekkers út de stopkontakten

It liket miskien net in grut ferskil te meitsjen, mar elektryske apparaten produsearje in soad waarmte, ek as se op stand-by stean. Helje dêrom de stekkers út de stopkontakten en probearje ek it gebrûk fan elektryske apparaten te ferminderjen.

#7 In koeltas fan ferpakkingsmateriaal

Op wei nei it strân, mar gjin koeltas by de hân? Ast noch in âlde doaze, bubbeltsjesplastic en aluminiumfoelje oer hast, dan makkest hiel maklik dyn eigen koeltas. Knip it bubbeltsjesplastic op maat fan de doaze, wikkelje it yn aluminiumfoelje en doch it oan de binnenkant fan de doaze. Dyn drankjes sille hearlik koel bliuwe yn dyn selsmakke koeltas.

#8 Fanselssprekkend, mar wol hiel wichtich: tink om elkoar

Hjittens kin ek risiko’s opleverje. Benammen foar âlderein. Tink dêrom mei it waarme waar ekstra goed om elkoar en nim paste maatregelen tsjin de sinne en hitte: goed drinke, tinne klean en lekker it skaad opsykje.

july 23, 2019 15:19
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. B july 23, 17:19

    It earste diel is sûnder lek of brek, taalkundich, fansels fan H, mar it Omropfrysk hie behoffene wurde kinnen.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.