Relevante farynformaasje Waadsee oersichtlik bondele yn ien app

july 6, 2019 09:07 Fernijd

Rykswettersteat hat alle beskikbere ynformaasje oer tijen, weachhichten, wetterstannen, wetterdjipten, boeieposysjes en streamingsgegevens fan de Waadsee bondelje litten yn de RiverGuide Recreant-app. Troch dy fernijing kinne farrekreanten op it Waad flugger by relevante ynformaasje, sadat de Waadtocht foarspoediger ferrinne kin.

Foto: Rykswettersteat

Rykswettersteat is ferantwurdlik foar de nautyske feiligens op it Waad en hat in protte ynformaasje beskikber foar farweibrûkers om in feilige tocht fan en nei de Waadeilannen te meitsjen. Dy ynformaasje blykt lykwols lestich te finen, foaral as men net alle dagen op it Waad fart. It grutte foardiel fan de app is dat dy no alles bondelet.

Help fan de Waadfarders
De app is begjin dit jier presintearre op de Waadfardersdei yn Harns. Dêr is fuort in groep ynformearre dy’t de app koartlyn twa wike test hat. Dat soarge foar in tal oanpassings, sadat de app no klear foar gebrûk is.

Ofbylding: Rykswettersteat

RWS-projektlieder Floris van Bentum: “RWS beskikt oer in protte ynformaasje dy’t ek foar de wettersporter gaadlik is. Wy begripe dat as men net alle dagen op it Waad fart, dy ynformaasje soms dreech te finen is. Dat ferbetterje wy no troch alles te bondeljen yn de app. Sa meitsje wy de ynformaasje tagonkliker en oersichtliker. Oan ’e iene kant as tsjinst, mar oan ’e oare kant ek om de feiligens te fergrutsjen.”

Wrâlderfgoed Waadsee
De app is fan no ôf del te heljen yn de App Store en yn Google Play. De app wie al fergees te brûken. De fernijing oer it Waad wurdt ek fergees beskikber steld, fanwege it tsienjierrich jubileum fan de Wrâlderfgoedstatus fan de Waadsee

Gearwurking
RiverGuide is in gearwurking fan Rykswettersteat, ferskate havenbedriuwen en in tal provinsjes. RiverGuide bondelet ynformaasje fan Rykswettersteat en oare farweibehearders en is bedoeld om de feiligens en trochstreaming te befoarderjen.

july 6, 2019 09:07 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.