Rekôrtal ynstjoerings foar Podcastpriis

july 28, 2019 09:56

Ut in rekôroantal fan 55 ynstjoerings binne de nominaasjes foar de NTR Podcastpriis 2019 bekendmakke. De oanmoedigingspriis foar jonge podcastmakkers út Nederlân en Flaanderen wurdt 1 septimber o.s. útrikt. De nominearre programma’s binne te beharkjen yn Radio Doc (NTR/VPRO) en sneins 4, 11, 18 en 25 augustus 2019 om 21.00 oere op NPO Radio 1.

Ofbylding: NTR

Prizen
In ûnôfhinklike faksjuery bepaalt hokker fan de nominaasjes de earste en twadde priis yn ’e wacht slepe. Neist de prizen, dy’t op 1 septimber útrikt wurde, is der dit jier ek wer in Publykspriis. It programma dat op Facebook de measte likes kriget, kriget ek op 1 septimber de ûnderskieding.

Online harkje
Alle nominearre programma’s binne te beharkjen op Soundcloud, op de Facebookside fan de NTR Podcastpriis en fia it podcastkanaal fan de NTR Podcastpriis op iTunes. Alle ynformaasje oer de NTR Podcastpriis stiet hjir.

july 28, 2019 09:56
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.