Regiodeal Natuerynklusive lânbou makket wurk fan fitaal plattelân

july 15, 2019 15:54

De trije noardlike provinsjes wolle har yn de kommende fjouwer jier ekstra ynsette foar in goede balâns tusken lânbou, natuer en leefmiljeu. Dat dogge se mei de boeren, lânboupartners, grûneigeners, kennisynstellingen en maatskiplike organisaasjes troch foar acht gebieten te omskriuwen wat it doel is en dêr aksjeplannen foar op te stellen en dêrnei yn de praktyk ynstruminten en wurkwizen te ûntwikkeljen dy’t natuerynklusyf buorkjen oantreklik en rendabel meitsje. De trije kolleezjes fan Deputearre Steaten en it Ryk giene der al akkoart mei. De provinsjes ynvestearje mei-inoar 10 miljoen euro en it Ryk stelt itselde bedrach beskikber.

De lânbou is de lêste fyftich jier feroare fan lytsskalich, regionaal en ekstinsyf nei grutskalich, ynternasjonaal en yntinsyf. Nederlân ûntwikkele him ta in foaroprinnende spiler op de merk fan libbensmiddels. Mei de foarútgong waard it lykwols minder mei de fruchtberheid fan de boaiem, it bioferskaat en de fariaasje yn it lânskip. Henk Staghouwer, deputearre yn Grinslân: “Met de Regio Deal geven we een flinke extra impuls aan de verduurzaming van de sector, met positieve effecten voor biodiversiteit en landschap, maar ook met een goede boterham voor de boer.”

Fan burokrasy nei boerehiem
De provinsjes sizze mei klam dat it de bedoeling is om de regy oan de partijen yn it fjild te jaan. Johannes Kramer, deputearre yn Fryslân: “Wy hawwe goede plannen. No is it fan belang om de slach nei it hiem te meitsjen: fan burokrasy nei boerehiem. Ferskate partijen hawwe al oanjûn dat se der graach in rol yn spylje wolle as skeakel tusken de yndividuele boeren en de oerheid.”

Foarbyld foar de rest fan Nederlân
De Regio Deal Natuurinclusieve landbouw giet út fan in oanpak dy’t op it gebiet sels rjochte is. It giet om gebieten sterk faninoar ferskille en dy’t represintatyf binne foar grûnsoart, wetterhúshâlding en it brûken fan de grûn yn Nederlân. Opdiene kennis kin ek yn oare provinsjes te nutte makke wurde. Henk Jumelet, deputearre yn Drinte: “Ook deze Regio Deal laat zien dat we in Noord-Nederland de handen in elkaar hebben geslagen. Samen kunnen we een voorbeeld zijn voor de rest van Nederland door samen te werken aan oplossingen die bijdragen aan de balans tussen ecologie en economie”. De Regio Deal draacht by oan realisaasje fan it Kwaliteitsbeeld 2030 fan de AgroAgenda Noord Nederland.

Foarbyldprojekten
Yn it Noarden rinne al inisjativen dêr’t fan leard wurde kin. Dêrom stipet de Regio Deal foarútrinnend op it opstellen fan de doelen dêr’t nei stribbe wurdt en de aksjeplannen sân foarbyldprojekten. It giet om ferskillende ûnderwerpen lykas in bioferskaatmonitor foar lânbou, in omrinwizer foar sirkulêre lânbou, it ûntwikkeljen fan fertsjinmodellen en it ferduorsumjen fan melkfeehâlderijen.  Dat is te sjen op de Publyksferzje Regio Deal july 2019

july 15, 2019 15:54
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.