Regear mei Di Rupo en De Wever moolk?

july 26, 2019 16:31

Elio di Rupo (foto: Wikipedia)

Bart de Wever

Men soe it hast ferjitte, mar yn it Belzelân besykje de partijen sûnt de ferkiezings fan 26 maaie in regear te foarmjen. Dat is net sa maklik. Flamingen stimme benammen Flaamsksinnich, Walen benammen sosjalistysk. In protte leafde tusken de Flaamsk-nasjonalistyske N-VA en de Frânsktalige sosjaal-demokratyske PS is der lykwols net.

Dochs wolle de ynformateurs Johan vande Lanotte en Didier Reynders it besykje. Hja prate snein mei ferskate partijen en dogge kening Filip moandei in útstel foar de gearstalling fan in nij regear. Hja prate ek mei Bart de Wever fan de N-VA en Elio di Rupo fan de PS.

De ynformateurs hawwe ek politisy fan de liberale partijen Open Vld en MR, de sosjaal-demokratyske sp.a en de kristen-demokratyske CD&V frege. It wurdt net makliker, omdat de PS ek oan ‘e ûnderhannelingstafel sit foar de foarming fan it parlemint fan de Frânsktalige mienskip. Mocht dat slagje, dan is it ûnwis oft Di Rupo foar de lanlike of de regionale polityk kieze sil.

july 26, 2019 16:31
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.