Radio Doc ‘Moreel verwond’ oer feteranen

july 10, 2019 08:42

Hoe set men de skakeler werom as men wend rekke is oan de oarloch? Marije Schuurman Hess prate mei feteranen by wa’t it morele kompas op drift rekke.

Foto: NTR/Frans Kurstjens

Nederlân telt sa’n 111.000 feteranen dy’t weromkamen út in oarlochssituaasje of fredesmisje. Mar foar guon is de oarloch nea hielendal ferdwûn. It geweld en de agresje dy’t se meimakken en dêr’t se soms sels oan meidiene, waarden part fan harren systeem en ûntregelen de wize fan harren tinken en funksjonearjen. Want it blykt grizelich ienfâldich om te wennen oan de oarloch en pynlik yngewikkeld om de skakeler werom te setten.

Dat jildt net allinnich foar militêren dy’t libbensbedriigjende situaasjes trochstien hawwe en kampe mei PTSS, mar ek foar minsken dy’t harsels feroarjen seagen fan in empatyske boarger yn ien dy’t inkeld op oerlibjen rjochte is, sûnder gefoel en sûnder moederaasje. Minsken dy’t har skuldich fiele oer wat se seagen, diene of net diene. Minsken dy’t net fysyk, mar moreel ferwûne út de oarloch weromkamen.

Marije Schuurman Hess fan Radiomakkers Desmet prate mei ferskate feteraren oer harren morele wûnen en oer harren besykjen om de nulle fan it morele kompas wer werom te draaien nei de misje. Feteranen as Olav, ea korporaal yn Bosnië, dy’t himsels nei in skoft net mear weromkoe: “Uteinlik tichele ik derop los, mei de efterkant fan in uzi. It minsklik leed die my neat mear.”

En se prate mei Tine Molendijk dy’t promoasjeûndersyk docht nei ‘moral injury’ op basis fan fraachpetearen mei goed tachtich feteranen. “As men harket nei harren ferhalen, dan gean se allegear oer it gefoel om wat rjochsette te moatten, dat se noch straft wurde moatte foar wat se dien hawwe of dat se sels ûnrjocht bestride moatte.”

Utstjoering: snein 7 july om 21.00 oere op NPO Radio 1
Webside:    www.npodoc.nl/radio

july 10, 2019 08:42
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.