Plaknammestriid yn Waadhoeke

july 23, 2019 08:31

Frjentsjer, stedhûs (foto Wikimedia Commons))

Jehannes Elzinga út Frjentsjer is it net iens mei it beslút fan de gemeente Waadhoeke om de plaknammen net te harmonisearjen. De gemeente hat besletten om de plaknammen oan te hâlden sa’t se fóár de gemeentlike fúzje wiene, wat derop delkomt dat de doarpen fan de eardere gemeenten Littenseradiel en Menameradiel Frysktalige nammen hawwe en de oare doarpen en de stêd Frjentsjer Nederlânsktalige.

Elzinga wol bygelyks dat de namme fan syn eigen stêd as Frjentsjer en net as Franeker yn in offisjeel Nederlânsktalich stik brûkt wurde kin, sa’t Menamers dat mei rjocht wol dwaan kinne mei harren plaknamme. Hy is, en mei him de Topografyske Wurkgroep Fryslân, fan miening dat it net-harmonisearjen fan de plaknammen yn striid is mei de wet Arhi. Dêrom wol er de gong fan saken yn Waadhoeke yn in (proef)proses foarlizze oan de bestjoersrjochter om dúdlikheid te krijen oer de rjochtsgelikensens fan alle ynwenners yn in Fryske weryndielingsgemeente.  Mei it each op de rjochten dy’t Friezen takend binne – mei de ratifikaasje troch it regear fan it ‘Europeesk Hânfêst foar regionale talen of talen fan minderheden’ tinkt er dêrmei sawol in Frysk as in Europeesk belang te tsjinjen.

Elzinga hat offisjeel beswier oantekene by de gemeente en frege om syn beswier streekrjocht troch te stjoeren nei de bestjoersrjochter.

july 23, 2019 08:31
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.