PC stillein om min waar

july 31, 2019 13:41

Foto: pixabay.com

De belangrykste keatswedstriid fan it jier wurdt stillein fanwege it minne waar. Tusken healwei twaën en trije oere leit de PC stil. Dat hat de kommisje bekendmakke.

“Wy hawwe de situaasje juster al bepraat”, fertelt foarsitter Ids Hellinga. “Yn feite is dit gewoan it útfieren fan wat wy juster besletten hawwe. Dit wie ien fan de senario’s. Wy hâlde efkes op, en dan gean we om trije oere wer fierder. Wy moatte mar sjen hoe’t it fierder komt hjoed. As Piet Paulusma seit dat it wer feilich is, gean wy wer fierder.”

De organisaasje meldt dat der ek tonger ferwachte wurdt, en dat minsken dêrom net op de tribunes sitten bliuwe kinne. De sporthal De Trije is ek iepen om minsken op te fangen.

De partijen yn de twadde omloop sille dêrom op syn betiidst om 15.00 oere úteinsette.

Tekst: Omrop Fryslân

july 31, 2019 13:41
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.