Partoer Bergsma-en-dy wint de PC

july 31, 2019 20:31

Foto: Wikipedia / Theun CC BY-SA 3.0

Marten Bergsma, Renze Pieter Hiemstra en Hans Wassenaar hawwe woansdeitejûn de 166e edysje fan de PC wûn. Op it Sjûkelân yn Frjentsjer wiene sy yn de finale ienfâldich mei 5-2 6-4 te sterk foar favoriten Gert-Anne van der Bos, Taeke Triemstra en Tjisse Steenstra. It is foar Bergsma de earste kear dat hy de PC wint.

Bergsma-en-dy makken earder rap dien wurk yn de heale finale. Se wûnen mei 5-1 6-6 fan Menno van Zwieten, Kees van der Schoot en Erwin Zijlstra. De partij dêrfoar yn de twadde omloop wie ek gau klear; it waard 5-2 6-0 tsjin Johannes van der Veen, Sip Jaap Bos en Tsjerk Elsinga.

Yn de earste partij hie it partoer fan Bergsma it yn earste ynstânsje noch dreech, mei 5-3 6-2 tsjin Johan Diertens, Kevin Jordi Hiemstra en Lennart Adema.

Boarne: Omrop Fryslân

july 31, 2019 20:31
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.