Park Martenastate Koarnjum bêste botanysk pleisterplak

july 10, 2019 10:41

Martenastate (foto Wikimedia Commons)

Nei jierren fan ûndersyk nei it botanyske bioferskaat yn Nederlân, is it stinzefloarapark fan Martenastate yn Koarnjum as bêste lûkplaster keazen. In geweldige meifaller foar Stichting Martenastate en behearder It Fryske Gea. Dy binne dan ek grutsk op it resultaat fan it ûndersyk, dat ûnder superfyzje stie fan it ferneamde lanlik ûndersyksburo Floron (FLORistisch Onderzoek Nederland). Alle selektearre lûkplasters steane yn in digitale spriedingsatlas mei twahûndert unike botanyske lokaasjes.

By it selektearjen fan de bêste lokaasjes is sjoen nei ferskillende ûnderdielen, bygelyks boulânkrûden, muorreplanten, âlde boskkearnen, mar der is ek socht nei de fiif bêste lokaasjes mei stinzeplanten yn Nederlân. Dy prachtige maitiidsbloeiers binne yn Fryslân op mear as ien plak te bewûnderjen. Yn de kategory ‘stinzeplanten’ is lânskipspark Martenastate yn Koarnjum ta it bêste fan Nederlân keazen. By it ûndersyk waard útgien fan soarterykdom, kwaliteit en bioferskaat.

Een bijzondere verdienste
Henk Buith de foarsitter fan Stichting Martenastate is tige ynnommen mei dy earetitel. De wurdearring is in beleanning foar alle ynspanningen om de kwaliteit fan it park heech te hâlden. De stinzefloara lûkt no de oandacht, mar de state en oare gebouwen, de ornaminten en de grêfheuvel binne as erkend ryksmonument ek tige de muoite wurdich, is Buith fan betinken.

It sukses is te tankjen oan it griene behear fan sûnt 2000. Dêr is It Fryske Gea ferantwurdlik foar. Stefien Smeding, meiwurker kultuerhistoarje en erfskip,  nimt dêr de planfoarming fan foar har rekken. It Fryske Gea beheart njonken Martenastate ek de stinzefloaralokaasjes Park Jongemastate, de Wikelerbosk en de Rysterbosk. Alles wurdt mei mooglik makke troch ûnderskate fûnsen, oerheden en partikulieren.

It lânskipspark is oerdeis frij tagonklik. Mear ynformaasje: www.martenastate.nl  /  www.itfryskegea.nl/martenastate

july 10, 2019 10:41
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.