Opfrysker

july 3, 2019 15:00 Fernijd

Resint ferskynd

july 3, 2019 15:00 Fernijd
Skriuw in reaksje

4 opmerkingen

  1. W. Zee-de Ruiter july 4, 08:41

    It piipjen fan in katûle docht tinken oan rêstige skommel.

  2. Redaksje july 4, 11:05

    Nee, net in rêstige, mar wol in rustige skommel. Dat is in skommel of touter dy’t ferrustke is trochdat er net smaard is.

  3. Bakker july 6, 07:49

    Soe it net mear doel hawwe, as Opfrysker aldendeiske taalflaters ûnder de loep hâldt? Okee, ransuil is katûle, mar it liket my nuttiger en skôgje de suterige taal fan Omrop Fryslân. Foarbylden by de rûs.

  4. mbc84 july 6, 12:43

    @Bakker: folslein gelyk! Of it brike Frollânsk dat ús bern en sa prate.

    Hij wast sich mei zeep – Hy wasket him mei sjippe.

    Betiden freegje ik my ôf, at ik guon praten hear, hoe Frysk it eins noch is wat se prate. It is mear Hollânsk mei hjir en dêr in wurdsje Frysk/ bytsje Fryske útspraak.

    It komt benammen ek om’t se nea korrizjearre wurden binne. Net op skoalle en ek net troch harren omjouwing. Nimmen wit hoe’t it moat, en wy hearre alle dagen Hollânsk om ús hinne. Hollânsk Hollânsk Hollânsk. En de measte Friezen fine it bêst. Want o o, der mocht ris immen wêze dy’t him bûtensluten fielt… Gut o gut.

    Ik bin fan betinken dat it Frysk in folslein ferlerne saak is. De Friezen wolle net. It is harren om it even. Lang om let terjochte dat sa’n folk te’n ûnder giet.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.