Op ûnderwettersafary yn Ljouwert

july 18, 2019 13:45

Underwettersafary yn it Frysk Natuermuseum yn Ljouwert

Yn Ljouwert kin men tenei op ûnderwettersafary. Men stapt yn in spesjale iepen dûkboat en it giet hinne. Wiete fuotten kriget men der net fan. It is dan ek sabeare. Realistysk is it lykwols al. Men waant jin op ’e boaiem fan ’e Waadsee of just yn it farske wetter fan in rivier. De ûnderwettersafary is ien fan ’e nije attraksjes fan it Fryske Natuermuseum.

It Ljouwerter museum hat foar fan ’t simmer noch gâns mear yn ’t fet. De tydlike útstalling Swim Fish Swim lit moai sjen wat fisken allegear meimeitsje by de fisketrek. Men komt derachter hoe tûk oft fisken mei allegear tûkelteammen omgeane.

Fûgels útinoar hâlde kin men yn de útstalling Blocbirds. Twa keunstners fan Studio 212 Fahrenheit hawwe de kleurpatroanen fan it prachtkleed fan fiifentweintich ferskillende fûgels op blokken set. Troch dêrmei te meneuveljen en te rieden wat fûgel oft ferskynt, leare besikers al boartsjendewei in protte by.

Yn ’e simmer is der boppedat in útstalling fan akwarellen mei as tema Meesteres & moeder. Fierders organisearret it museum spultsjes foar bern en in rûnlieding by draak Li-Ming. De fêste útstallings De walviszaal, Het reiskabinet van kapitein SevereinVerwonderland en Darwins zolder bliuwe útsoarte ek gewoan iepen. Fierders kinne besikers alle dagen meisjen mei in preparateur, dy’t bisten opset.

july 18, 2019 13:45
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.