Omrin en gemeenten gean troch mei ynset foar better skiftsjen ôffal

july 14, 2019 08:59

‘Word ook een Afvaltopper!’ Mei dy slogan hat Omrin mei in grut tal gemeenten yn Fryslân en Grinslân in nije yngong keazen foar de kampanje ‘Samen halen we alles eruit’. De kampanje wurdt ynset om de bewustwurding by alle ynwenners te fergrutsjen om húshâldlik ôffal goed te skiftsjen.

It grutte Omrin Offalspul (foto: Omrin)

Better skiftje = minder ôffal!
Yn 2020 moat de ôffalberch yn Nederlân drastysk lytser wurden wêze. It doel is dat der jierliks noch mar maksimaal hûndert kilo húshâldlik ôffal de ynwenner is. Dêrneist is it doel om 75% fan al it húshâldlik ôffal te skiftsjen, sadat de grûnstoffen wer brûkt wurde kinne. Dat binne de saneamde VANG-doelstellings (Van Afval Naar Grondstof) dy’t opsteld binne troch de ryksoerheid. De kampanje ‘Samen halen we alles eruit’ moat helpe om boppeneamd doel te heljen.

Kampanje ‘Samen halen we alles eruit’
De kommende moannen ferskine der ferskate online fideo’s mei werom te kennen (thús)situaasjes en handige tips om ôffal goed te skiftsjen. Neist fideo’s wurde der ek tal fan on- en offline banners en advertinsjes ynset. Boppedat hat Omrin it grutte Offalspul ûntwikkele, dat alle gemeenten oandocht en op lokale eveneminten stiet. It grutte Offalspul is in ynteraktive stand, dêr’t besikers útdage wurde om sa goed en sa fluch mooglik tsien ferskillende produkten te skiftsjen. De kommende moannen reizget it grutte Omrin Offalspul troch Fryslân en Grinslân.

july 14, 2019 08:59
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.