Henk Wolf: Oer de Fryske opfetting fan ‘fetsoen’
Resint ferskynd
Troch Henk Wolf
Yn in fiere hoeke fan ‘e taalkunde, yn it grinsgebiet mei de psychology en de sosjology, hâlde wittenskippers har dwaande mei de relaasje tusken taal en fetsoen. Politeness yn it Ingelsk. Beleefdheid yn it Nederlânsk.
Dy wittenskippers meitsje ûnderskie tusken twa soarten fan fetsoen. De faktermen sil ik net jaan, want dy skeppe altiten in soad betizing, mar ynhâldlik komt it hjirop del:
- de earste foarm fan fetsoen makket dat jo fernimme litte dat jo de oar oansprekke yn in rol dy’t by him past, dat jo him net omleech helje, dat jo him op it stuoltsje sette, dat jo freonlik tsjin him binne – koartsein dat jo respekt trochklinke litte foar de oar syn status;
- de oare foarm fan fetsoen makket dat jo fernimme litte dat jo in oar neat opkringe wolle, dat jo him gewurde litte, dat jo ôfstân hâlde oant dat de oar jo it frij jout om tichterby te kommen, dat jo net besykje om te baasspyljen oer de oar – koartsein dat jo respekt trochklinke litte foar de oar syn rjocht om te dwaan en te litten wat er sels wol.
In foarbyld
Stel dat ien seit: “Nim my net kwea ôf, menear, mei ik jo miskien wat freegje?” Dan brûkt er beide foarmen fan fetsoen. ‘Nim my net kwea ôf’ is wat formeel, dat seit men net tsjin ien dy’t men goed kin of tsjin in opslûpen jonge, dat dêr klinkt respekt yn troch. Dat sit ek yn de kar foar it wurd ‘menear’ en de oansprekfoarm ‘jo’. Sa lit de sprekker de earste foarm fan fetsoen útkomme. De twadde lit er benammen útkomme troch de fraach: “Mei ik jo wat freegje?” Yn teory jout dy de oar nammentlik de mooglikheid om nee te sizzen. Dy krijt net it gefoel dat er der net ûnderút kin om de oar te wurd te stean. Hy soe bygelyks antwurdzje kinne: “Och, it muoit my, mar ik moat de bus helje, ik haw it wier net oan tiid.”
Soe de sprekker allinne de earste foarm fan fetsoen brûke, dan koed er bygelyks sizze: “Goeiendei, menear, hoe let is it?”. Soed er inkeld de twadde brûke, dan soed er sizze kinne: “Ast it heel drok hast, hoechst it net te sizzen, hear, mar eh, as it efkes útkomt, kinst my dan sizze hoe let oft it is?”
Botsing fan fetsoensopfettingen
Yn it sintsje “Nim my net kwea ôf, menear, mei ik jo miskien wat freegje?” komme dus heel kreas beide foarmen fan fetsoen byinoar, sûnder dat se inoar bite. Dat is lykwols net altiten it gefal. Botsingen tusken minsken en kultueren ûntsteane soms trochdat dy foarmen fan fetsoen just net byinoar passe. De taalbotsingen dy’t har yn Fryslân geregeld foardogge kinst dêr foar in part út ferklearje. Ik ha ‘t ris hân dat in frommeske my fertelde dat se yn ‘e bus mei in kammeraatske siet te praten – yn it Frysk – en dat in oare passazjier dêr lilk oer wie. En wa’t wat langer meirint yn it Fryske wrâldsje, dy wit noch wol dat de nammen Brummelkamp en Spithost steane foar lju dy’t – lit ús sizze – net mei it Frysk konfrontearre wurde woenen.
Ommers, en no praat ik efkes út dy minsken har perspektyf wei, net út myn eigen, dy Friezen koenen ek wol Nederlânsk en om no samar in taal te praten dy’t ik net ferstean, sa’n platboerestreektaaltsje dêr noch op ta, dat is net bysûnder respektfol, is ‘t wol? In mefrou en in menear lykas ik hat der doch rjocht op om oansprutsen te wurden yn poerfetsoenlik Hooghaarlemmerdijks, leafst ek noch as ‘u’.
Dat is in ferwachting dy’t heart by ien dy’t fan betinken is dat de earste foarm fan fetsoen ôfwêzich is. Mar, sizze no de Frysktaligen yn bygelyks de Fryske beweging: “Ho ho! Sil in oar ús fertelle wat wy prate moatte? Frjemden op ús hiem nota bene? It moat net mâlder. Sels baas. Praat jim mar Hollânsk, dat fersteane wy wol, mar ik lit my net foarskriuwe wat ik prate moat. De brutaliteit, sis!” En dat is in reaksje dy’t ûntstiet as minsken tinke dat de twadde foarm fan fetsoen ôfwêzich is.
Frijheidsstribjen as Fryske fetsoensopfetting
Oft ien de Fryske situaasje oait earder sa analysearre hat, wit ik net, mar it wol my net oan dat it in omstriden analyze wêze soe. Wat mooglik wat mear diskusje oproppe kin en wat foar mysels ek mar in idee is, is dat de emansipaasjegedachte yn Fryslân altyd benammen rjochte west hat op de twadde foarm fan fetsoen: in oar moat benammen dwaan wat er sels wol, mar lit ús uzes dwaan. De âlde frouljusbeweging hie, neffens datselde idee, deselde ynstek: lit ús sels útmeitsje oft wy wurkje wolle of net, oft wy bern krije wolle of net.
De oare kant fan dat idee is dat nije emansipaasjebewegingen rjochte binne op de earste foarm fan fetsoen. Dy wolle net sa lyk mear frijheid, mar se wolle dat oaren har dúdliker respekt sjen litte. Ik tink dat dat ek de botsing ferklearret tusken de antyswartepytlju en de sneldykblokkearders – mei alle sympatisanten oan beide kanten. De earste groep ropt op syn brummelkampsk: “Wa tinke jim dat jim binne om sa de gek mei ús te hawwen, wy binne menearen en mefrouwen!” De twadde groep ropt: “Hoe krije jim it yn ‘e plasse en fertel ús wat wy wol en net dwaan meie, nota bene op ús eigen hiem. Opsokkebalje!”
Kulturele woartels
No wurd ik noch spekulativer, mar as ik njoggentjinde-ieuske literatuer lês (en dêr mei ik graach oer), dan krij ik de yndruk dat de earste foarm fan fetsoen yn Fryslân doe ek al net sa wichtich wie. Jonker Pyt en Sibbel gekjagen gewoan mei-inoar, de boer wie ‘de boer’ en net menear, en dûmnys en dokters wienen mar in hantsjefol fan. Wêr’t dy literatuer lykwols mei fol sit is it ideaal fan frijheid. Miskien is dat mytyske frijheid, mar sa gau as in oar in Fries fertelt wat er dwaan moat, dan is er op ien ein. Dan ferhuzet er nei syn omke en dan wurdt der jierren net praat. Stege steile Friezen binne net allinne mar negative stereotypen, mar op in bepaalde manier ek literêre helden.
As it belang fan persoanlike frijheid wier histoarysk yn it Fryske idee fan fetsoen bewoartele sit, dan kin dat maklik striid oproppe mei groepen dy’t út namme fan in oare fetsoensopfetting easkje dat Friezen just beskate dingen dogge of neilitte. En dan soe sa’n botsing as dy op ‘e sneldyk by de Jouwer wolris oer in fûneminteler stik kultuer gean kinne as dy iene sinteklaasdei yn ‘t jier. En dan – noch heeltyd as ik gelyk ha soe – soe dêr ek noch wolris mear kultuerbotserij achterwei komme kinne.
Mei in soad niget lêzen, Henk.