Oantal simmerynbraken yn Fryslân flink tanaam

july 5, 2019 09:07 Fernijd

It tal simmerynbraken yn de provinsje Fryslân is ôfrûne simmer mei santjin persint tanaam neffens de simmer fan 2017. Op gemeentlik nivo bestean der grutte ferskillen yn it oantal. Dat docht bliken út ûndersyk fan ferlikingsside Independer, op basis fan de meast resinte plysjegegevens.

Foto: pixabay.com

Trend yn Fryslân heaks op lanlike ûntwikkeling
Yn july en augustus fan 2018 wiene der yn de provinsje Fryslân yn totaal 510 ynbraakynsidinten. Dat wiene der 74 mear as yn de simmerperioade fan 2017, doe’t der 436 kear ynbrutsen waard. Friezen hawwe te krijen mei in stiging fan santjin persint. Dat is in stiging dy’t heaks op de lanlik trend stiet; dy lit just in delgong fan 14,1 persint sjen.

Gemeentlike ferskillen yn Fryslân
Ynwenners fan Fryslân hiene ferline jier simmer oer de hiele provinsje lêst fan 39,4 ynbraakynsidinten op 100.000 ynwenners. De gemeente Ljouwert hat te krijen mei de heechste ynbraaksifers. Dêr is it tal ynbraken op 100.000 ynwenners 206,3. Yn Súdwest-Fryslân (89,2), Smellingerlân (71,5) en Waadhoeke (65) wurdt, op 100.000 ynwenners, yn ferhâlding faak ynbrutsen. De Waadeilannen hawwe de bêste papieren fan de provinsje.

Foardielen fan ynbraakprevinsje
It ministearje fan Feiligens en Justysje fiert al jierren kampanje mei it ‘Meitsje it se net te maklik’-inisjatyf. Dêr wurdt by besocht om wenningynbraakprevinsje ûnder wenningeigners en hierders te stimulearjen. “Dat docht de oerheid bygelyks troch te wizen op it PKVW-sertifikaat en de Borg-noarm. Dêrmei kin men, neist feilichheidsfoardielen, ek finansjele foardielen krije. Sa krije minsken dy’t harren wente deeglik befeiligje, trochgeans koarting op harren ynboelfersekering”, fertelt Rianne Veerman, fersekeringsdeskundige by Independer.

Besjoch alle statistiken fan it ûndersyk yn it dossier simmerynbraken fan Independer.

july 5, 2019 09:07 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.