NTR ferkeapet formatrjochten Dokter Corrie oan Australië

july 17, 2019 08:37

De NTR hat de formatrjochten fan De Dokter Corrie Show ferkocht oan ABC, de publike omrop fan Australië. Nei België en Kanada hat Australië meikoarten dus ek syn eigen berne-leafdesdokter op telefyzje.

Foto: Ben van Duin/NTR

Dokter Corrie wurdt yn Nederlân fertolke troch Martine Sandifort. De stammerjende dokter Corrie jout seksuele foarljochting oan bern fan njoggen jier ôf en beäntwurdet driuwende fragen oer puberteit, relaasjes en seksualiteit. It programma kaam ta stân yn gearwurking mei Rutgers Kennissintrum Seksualiteit.

Yn Nederlân wie Dokter Corrie yn 2013 foar it earst te sjen by SkoalTV. Hoewol’t der diskusje ûntstie oer de rubryk, waard it in grut súkses en krige Dokter Corrie yn 2015 har eigen sjoo op NPO Zapp. Ketnet, de publike omrop fan België, folge yn 2017 mei de Flaamske dokter Bea, spile troch Eva van der Gucht. Underwilens wurkje Kanadeeske programmamakkers oan harren eigen ferzje en no makket dus ek in Australyske dokter har opwachting.

De NTR is net allinnich grutsk dat it format fan Dokter Corrie reizget, mar fynt it ek fan grut belang dat bern oer de hiele wrâld goede seksuele foarljochting krije. Sels komt de omrop fan ’t hjerst mei in nije koarte websearje mei Dokter Corrie op it NPO Zapp YouTube-kanaal.

july 17, 2019 08:37
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.