Nordwin Kolleezje wint Waste Battle Súdwest-Fryslân 2019

july 6, 2019 16:18

Team De Brainstormers fan it Nordwin Kolleezje yn Snits hat de Waste Battle Súdwest-Fryslân 2019 wûn. Juster presintearre it syn idee: lessen yn it basisûnderwiis oer omtoarkjend ôffal fersoargje.

De wedstriid, dy’t as tema hie ‘strân en oare rekreaasjeterreinen’, waard yn april op CSG Bogerman Koudum iepene troch wethâlder Eric Faber fan Súdwest-Fryslân: “It plestiksop is in wrâldwiid probleem, mar wy kinne dêr ús eagen yn Súdwest-Fryslân net foar slute. Hjir komt ek omtoarkjend ôffal yn it wetter telâne.”

De gemeente besiket sels ek fan alles om it plestiksop foar te kommen, mar achtet ek belangryk om de jongerein yn te skeakeljen. Goed twahûndert learlingen en studinten fan ferskillende soarten fan ûnderwiis betochten yn groepkes ideeën om smoargens foar te kommen, lykas in wettersuveringsynstallaasje, in strânkarre dêr’t ôffal by ynruile wurde kin tsjin strânartikels en in app dêr’t punten mei te fertsjinjen binne as men ôffal yn in kontener gooit.

De winners mei de sjueryleden en organisatoaren

De Brainstormers krigen in sjek fan 3.000 euro oerlange. Dat jild komt fan de gemeente, Rabobank Snits-SúdwestFryslân, Roelofs BV, Jumbo Kooistra Supermerken en Omrin. Dy helpe de studinten mei harren netwurk, kennis en tiid om it idee út te fieren. Oan ’e ein fan it jier komt wethâlder Offinga by it Nordwin Kolleezje op besite om te freegjen hoe’t de studinten it lesprogramma úteinlik útfierd hawwe.

De Waste Battle Súdwest-Fryslân is in inisjatyf fan gooitz yn ’e mande mei Norder Advies.

july 6, 2019 16:18
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.