Nij subsydzjebelied amateurkeunst yn Waadhoeke

july 28, 2019 12:00 Fernijd

De gemeente Waadhoeke bringt de subsydzjeregeling foar amateurkeunst by de tiid. It nije belied rjochtet him op de maatskiplike mearwearde dy’t amateurkeunst foar de ynwenners hat. Dêrom wol de gemeente tenei allinne finansjeel bydrage as de ferieningen optrede yn de eigen gemeente: kultuer as smaroalje foar de mienskip. Dêr is sawat € 100.000 foar beskikber.

Oer de nije regeling foar muzykferieningen hat de gemeentlike koepel Waadklank konstruktyf meitocht. Dy stimt mei it nije foarstel yn: ferieningen krije in fêst bedrach fan € 1000 en 30% fan de jierlikse kosten fan de ynstruksje of dirigent. De betingst is dat se twa kear yn it jier yn Waadhoeke optrede.
Sjongferieningen kinne foar in útfiering € 125 en 50% fan de kosten fan de dirigint krije. Foar toanielproduksjes mei maatskiplike mearwearde kin € 350 oanfrege wurde.

Muzyk- en toanielferieningen kinne ien kear yn it jier, foar 1 septimber, in bydrage oanfreegje. Sjongferieningen kinne efternei, binnen fjouwer wike nei de útfiering, in bydrage oanfreegje.

july 28, 2019 12:00 Fernijd
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Abe july 28, 21:45

    Wolris de muoite wurdich om út te sykjen. Hoe sjucht de gemeente it ferskil tusken ‘amateurkeunst’ en, blykber, professionele keunst? En hoe defniearret de gemeente de ‘maatskiplike mearwearde’ fan keunst – en wa meitsje út oft in inisjatyf al of net sokke mearwearde hat? En wêrom wurdt keunst net subsidiearre om wat it is – keunst? Fragen, fragen. Ik bin bang dat de nije gemeente der in hiel benaud ferhaal fan makke hat.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.