Nije searje: ‘In de beste families’

july 5, 2019 10:37

Fan ’t simmer begjint by de NTR de nije searje fan Coen Verbraak: In de beste families (de opfolger fan Kijken in de ziel). Yn de searje giet it om grutte libbenstema’s dy’t wy allegear meimeitsje. Yn de earste searje, seis ôfleveringen, praat Verbraak mei bruorren en susters.

Akteur Barry Atsma en Coen Verbraak (foto: ©Lilian van Rooij)

Bruorren en susters binne dejingen mei wa’t men oant de dea te krijen hat, sûnder dat men se ea útkeazen hat. De relaasje mei in broer of suster is foar de measte minsken de langste ferbining dy’t se yn harren libben hawwe. Men ken jins broer of suster langer dan jins âlden, freonen of partner. Dat giet lykop mei grutte emoasjes en gefoelens; fan freonskip en ferbûnens oant kompetysje, konkurrinsje en soms regelrjochte haat.

Coen Verbraak praat yn de searje mei minsken út opfallende húshâldens, út húshâldens dêr’t in grut geheim wie, dêr’t bern adoptearre wiene, dêr’t in bern stoarn is, of dêr’t ien bern alle oandacht nedich hie. Under harren Barry en Laura Atsma – oer harren broer Rimmert, dy’t it Down-syndroom hat -, de trije bruorren Van Bommel, fan it lykneamige skuonfabryk, en de ienaaiïge twalingbruorren Peter en Erik dy’t inoar pas op harren 17e kennen learden.

It giet yn de nije searje oer konfrontearjende fragen dy’t elkenien him wolris steld hat: wie der eins in favoryt bern thús? Waard der fan allegear likefolle holden? Binne der fan elk bern likefolle foto’s? Untkomt men ea oan de ynsliten patroanen út jins jeugd? (“Ja hear, dêr hast hím fansels wer.”) En soe men jins broer of suster útkeazen ha yn jins freonekring?

Utstjoerings: fan woansdei 24 july 2019 ôf wykliks om 21.10 oere op NPO 2.

july 5, 2019 10:37
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.