Nije presintaasjes op twa lokaasjes op It Hearrenfean

july 27, 2019 09:52

Yn Museum Belvédère binne mar leafst fjouwer presintaasjes te sjen fan ferskate gasteksposanten. Yn de dependânse Afslag BVL is ek in nije eksposysje iepene.

Wurk fan Ed Dukkers (foto: Museum Belvédère)

Wim van der Veer (1939) wennet en wurket yn Ljouwert. Portretten, havengesichten en it Fryske lânskip binne weromkommende tema’s yn syn wurk. Dit jier wurdt de keunstner tachtich jier âld. Syn wurk is ek te sjen (en te keap) yn Galery De Vis yn Harns. Klik hjir foar mear ynformaasje.

Wim Biewenga (1939) wennet en wurket yn Havelte. Hy is autodidakt en eksposearret fan de jierren santich ôf geregeld mei syn werkenbere skilderijen yn in ienfâldige, primityf eagjende byldtaal. Hy wurdt dit jier tachtich. Resinte skilderijen fan syn hân wurde no toand yn ien fan de kabinetten.

Hans Niemeijer (1921-1990) waard oplaat oan de Haachske keunstakademy en fêstige him yn 1973 yn Fryslân. De seleksje titelleaze tekeningen dy’t no yn it museum te sjen is, kin sjoen wurde as in pikturale fuortsetting fan l’écriture automatique (it automatysk skriuwen). Sa wurdt troch de keunstner in betiizjende wrâld toand, sawol bekend en ferfrjemdzjend tagelyk.

Wurk fan André de Jong (foto: Museum Belvédère)

André de Jong (1945) wennet en wurket yn Broeksterwâld. Al mear as fiif desinnia ferkent er de grinzen fan de tekenkeunst. Dêrneist is er ek performer, fotograaf en konseptueel lânskipskeunstner. Dat is te sjen yn dizze projektearre presintaasje.

Ed Dukkers yn Afslag BLV o/m 15 septimber 2019
It skilder- en tekentalint fan Ed Dukkers (1923-1996) waard nei de oarloch troch Nederlânske musea gau opmurken. De opmars fan CoBrA en de abstrakte skilderkeunst makke lykwols dat de belangstelling foar syn wurk beheind bliuwe soe. Dukkers bleau in keunstner dy’t foaral wurdearring fûn by keunstners en in lytse groep trouwe samlers. De wurken dy’t yn Afslag BV toand wurde, litte sjen hoe’t er ûnderwerpen analysearre en werombrocht ta ienfâldige basisfoarmen. Dy brûkte er dêrnei yn boartlike komposysjes dêr’t figuraasje en abstraksje inoar by yn spanning hâlde.

july 27, 2019 09:52
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.