Nije hutte om fûgels te bestrunen yn Alde Feanen

july 12, 2019 11:05

foto It Fryske Gea/Wendy Thomassen

Juster is yn Nasjonaal Park De Alde Feanen in nije hutte, De Ielgoes, iepene as opfolger fan de hutte dy’t ferline jier ôfbrânde. Hy stiet op peallen midden yn it wetter by in ielgoeskoloanje en is, krekt as syn foargonger, allinne mei de boat te berikken, mar wol frij tagonklik. Der is in steger dêr’t boatsjes tydlik oanlizze kinne. Behalve de tsientallen ielguozzen is ek de see-earn út te hutte wei te bestrunen.

De âlde hutte wie in grutte publykslûker, dat It Fryske Gea besleat om in nije hutte op in wat oar plak bouwe te litten. It krige finansjele stipe út in neilittenskip.

De nijbou waard mooglik troch it ynsetten fan trije studinten fan ROC De Friese Poort yn Drachten. Dy giene ûnder begelieding fan twa leararen en It Fryske Gea fanatyk oan ’e slach. Se beseagen oare hutten en makken ûntwerptekeningen en in begrutting. Bouwbedriuw De Jong & De Wal út Grou ferwidere de âlde fundearring en pleatste de nije. Yn de wurkpleats en ûnder begelieding fan timmerlju fan dat bedriuw makken de studinten de nije hutte. Anton Huitema fan It Fryske Gea is tige tefreden oer de gearwurking en it resultaat. De studinten mochten de nije hutte offisjeel iepenje mei it ûntbleatsjen fan it nammebuordsje ‘De Ielgoes’.

foto It Fryske Gea/Wendy Thomassen

Mear ynformaasje is te finen op www.itfryskegea.nl/nieuwe-vogelkijkhut-aalscholverkolonie-in-de-alde-feanen

july 12, 2019 11:05
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.