Nije Fryske staveringshifker yn Microsoft Office

july 5, 2019 15:52

Fryske brûkers fan Microsoft Office kinne fan hjoed ôf gebrûk meitsje fan in nije Fryske staveringshifker. De Fryske taal is no beskikber yn de standert staveringshifker yn de Office-programma’s Word, Excel, Outlook en PowerPoint. De nije taalhelp waard hjoed presintearre op it Provinsjehûs.

De provinsje wurket al langere tiid oan it beskikber meitsjen fan de Fryske taal yn software en apps. Earder waard de Fryske taal ek al beskikber yn Google (Translate, Gboard), SwiftKey en Facebook. Digitaal ark is in betingst foar it lykweardich brûken fan de Fryske taal yn sawol ynformele as formele kommunikaasje.

Deputearre Sietske Poepjes: “De digitale wrâld spilet in wichtige rol yn ús hjoeddeistich libben. Wy sjogge dat Friezen ek graach yn ’e digitale wrâld yn harren memmetaal kommunisearje wolle. Foar de takomst fan de Fryske taal is it moai dat in grut ynternasjonaal bedriuw as Microsoft in mearwearde sjocht yn it opnimmen fan it Frysk yn harren produkten. It makket it Frysk skriuwen ienfâldiger foar minsken thús, op skoallen, by de oerheid en by bedriuwen.”

Hans van der Meer, Manager Microsoft 365 by Microsoft Nederland: “Bij Microsoft zijn wij continu bezig om samen met onze gebruikers de Microsoft-ervaring te verbeteren. Met de nieuwe spellingchecker in Microsoft Office maken we het voor Friestaligen mogelijk om onze producten te gebruiken op de manier die het dichtst bij ze staat.”

Ynstallaasje
Brûkers fan Microsoft Office kinne de nije staveringshifker sels ynstallearje op de eigen kompjûter of laptop (Office 2013 of heger). De staveringshifker is noch net beskikber foar Mac-brûkers of brûkers fan Microsoft Office Online. Mear ynformaasje en in wiidweidige hantlieding foar de ynstallaasje fan de nije staveringshifker fan Microsoft is te finen op: www.taalhelp.frl/microsoft

Taalhelp
Op de webside www.taalhelp.frl fan de Afûk stiet in oersjoch fan alle digitale apps en digitale helpmiddels foar it Frysk. Op de webside www.taalweb.frl fan de Fryske Akademy binne Fryske digitale wurdboeken en in oersetter te finen. Dêr is ek in plug-in foar Word beskikber foar in staveringshifker mei mear opsjes lykas tips by grammatika.

july 5, 2019 15:52
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.