Nijbou folle gefaarliker foar it miljeu as tocht waard
Resint ferskynd

Foto: pixabay.com
Stêden groeie mar ta. Doarp nei doarp kriget der in nijbouplan by. Sels de lytse buorskippen ûntkomme net oan de bouwoede. Dat is min foar it miljeu, net allinnich trochdat der soms in stikje natoergebiet folboud wurdt. Undersiker Jasper van Vliet ûntdiek in hiel oar gefaar.
Van Vliet wurket foar de frije universiteit yn Amsterdam. Hy hat oan ‘e hân fan satellytfoto’s bestudearre wat der bart as der huzen byboud wurde. Dizze wike makke er de útkomst fan syn ûndersyk buorkundich.
Om stêden en doarpen hinne leit meastentiids gjin natoergebiet, mar lânbougrûn, seit Van Vliet. It liket dan ek as is de ynfloed fan nijbou op ‘e natoer mar lyts. Wat dêrby lykwols fergetten waard, is dat it ferdwinen fan bougrûn net makket dat minsken minder ite. En omdat doarpen en stêden faak yn fruchtbere streken ûntstien binne, moat men op oare plakken folle mear natoer omsette yn bougrûn om likefolle iten te ferbouwen. It yndirekte ferlies fan lânbou- en natoergebiet is dus in stik grutter as it gebiet dat folboud wurdt.
Der wurdt omraak huzeboud. Yn 1992 wie krapoan ien promille fan it lânoerflak op ierde beboud. Yn 2015 wie dat al twa promille. De nije bebouwing hat sa’n 38 miljoen hektare yn beslach nommen, wylst der as gefolch fan dy nijbou 57 miljoen hektare natoergebiet ferdwûn is. Dat is hûndert kear it oerflak fan Fryslân.
Van Vliet leit út hoe’t it wurket: in boer oan ‘e râne fan Amsterdam of Kairo hâldt op mei buorkjen fanwegen stedsútwreiding. De grûn om âlde stêden hinne is tige fruchtber. It oanbod oan ierappels wurdt lytser en de priis stiicht. Dat makket it foar boeren yn minder fruchtbere streken oantreklik om mei it ferbouwen derfan te begjinnen. It hoecht net te gean om grutte stedsútwreiding: yn Sina is it probleem bygelyks folle mear de lytse útwreiding fan doarpen as de stedsútwreiding.
Neffens Van Vliet docht Nederlân it wrâldwiid mei syn bestimmingsplannen net sa gek, mar dat jildt lang net foar alle lannen. Hy ret oan en bou huzen foaral op minder fruchtbere plakken.
Martha Bakker fan de universiteit fan Weinum wiist derop dat nijbou wol in faktor is, mar dat der ek oare saken meispylje by it ferdwinen fan natoergebiet, lykas befolkingsgroei, feroarings fan ytpatroan en it opkommen fan biobrânstoffen.
In artikel fan Van Vliet oer syn ûndersyk is ferskynd yn it tydskrift Nature Sustainability. Klik hjir foar in gearfetting.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje