Nij monumint foar ynter-Fryske gearwurking

july 1, 2019 08:16

Explore the North 2019 yn East-Fryslân

Foto: Jongfryske Mienskip

Op sneon 29 juny 2019 hat de Jongfryske Mienskip mei it Westfries Genootschap (NH), it Seelter Buund (Sealterlân) en Die Friesen (East-Fryslân) yn Ihlow (East-Fryslân) in monumint presintearre ta oantinken oan Redbad en syn dream. It ynter-Fryske kollektyf wol bettere en bredere ynter-Fryske gearwurking, krekt sa’t Redbad by syn libben de Friezen ferienigje woe. Dit jier is it eksakt 1300 jier lyn dat de romrofte kening Redbad (679-719) stoarn is.

Foar it jierlikse evenemint Explore the North waard dit jier it Ostfriesisches Landesmuseum (it Eastfrysk Museum) yn Emden en it kleaster Ihlow oandien. De reden om foar it kleaster Ihlow te kiezen as plak fan it monumint lei foar de hân. Yn it jier 1324 waard it Totus-Frisiaesegel troch it kleaster Ihlow brûkt as segel fan it Upstalbeam-bûn. Dêrmei waard Fryslân tusken Fly (de hjoeddeistige Iselmar) en Wezer as ien mienskiplik lân besegele. Ihlow wie yn de lette midsiuwen de kânselarij fan de Upstalbeam en it segel symbolisearret, krekt as Redbad, de krêft fan ynter-Fryske gearwurking en ienriedigens.

Foto: Jongfryske Mienskip

Mei de jierlikse Explore the North wol de Jongfryske Mienskip ynfolling jaan oan de wurden fan de oprjochter, skriuwer en dichter Douwe Kalma, dy’t ek mear ‘Explore the North’ hawwe woe. Hy fûn it wichtich om oer de provinsjegrinzen hinne te sjen en de ferkenning, ferbining en ferbreding fan it grutte Fryslân oan te gean.

Neffens foarsitter Chris van Hes fan de Jongfryske Mienskip binne dy saken noch hieltyd fan belang: “As wy nei de takomst sjogge mei de enerzjytransysje, sirkulêre ekonomy en kulturele autonomy, dan sjogge wy kânsen yn in groeiende Europeeske Uny. Wy moatte dat as provinsje Fryslân wol yn breder ferbân oppakke. Mei-inoar kinne wy dan ek in earlike ferdieling fan gasbaten ôftwinge.”

july 1, 2019 08:16
Skriuw in reaksje

2 opmerkingen

  1. @Nordenslys july 1, 10:53

    Moai dat de Jongfryske Mienskip en de oare Fryske organizaajes hjir sa’n wurk fan meitsje; it is wichtig dat wy as Friezen us fereind fiele kinne.

  2. Abe july 2, 15:02

    It fernuveret my wat dat ItNijs net oanslacht op it berjocht fan juster yn it FD dat Provinsjale Steaten fan doel binnne om op te hâlden mei har advertinsjes yn de beide Fryske deiblêden. It is hiel moai dat de Friezen har feriene fiele kinne, dêr net fan, mar de fraach oftt se goed ynformearre wurde oer it demokratysk proses is faaks krekt noch wat wichtiger.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.