Nederlânske media skouderje Welske rop om ûnôfhinklikens

july 30, 2019 11:55

Demonstranten foar ûnôfhinklikens yn Caernarfon dit wykein. Foto: YesCymru

De Nederlânske media hawwe der gjin omtinken oan jûn, safier’t wy neigean koene: de demonstraasje foar in ûnôfhinklik Wales fan dit wykein.

Sneon rûnen tsientûzen minsken mei yn in optocht troch Caernarfon. Hja easken dat Wales him losmeitsje soe fan de rest fan it Feriene Keninkryk. Der hat altyd wol in Welske ôfskiedingsbeweging west, mar sûnt it regear fan it Keninkryk ta de Brútstap besletten hat, is de rop om ôfskieding lûder wurden. Yn maaie wie der yn Caerdydd/Cardiff ek al in grutte demonstraasje foar ûnôfhinklikens.

Demonstranten foar ûnôfhinklikens yn Caernarfon dit wykein. Foto: Nation.Cymru

De demonstraasjes binne organisearre troch de organisaasjes YesCymru en AUOB Cymru. Sion Jobbins, foaroanman fan YesCymru, sei sneon yn in taspraak: “Guon minsken sizze dat men de polityk yn Londen feroarje kin. Dat is net sa. De Brútstap is in nasjonalistyske steatsgreep dy’t brûkt wurdt om Wales syn macht ôf te nimmen en dy nea wer werom te jaan.”

Mark Drakeford, de sosjaal-demokratyske premier fan Wales, sei begjin july dat Wales ek neitinke moat oer it oanbliuwen fan de bân mei Ingelân en Noard-Ierlân as Skotlân beslút om út it Feriene Keninkryk te stappen. De nije premier fan it FK, Boris Johnson, hat lykwols sein dat er net tastean sil dat Skotlân in nij referindum hâldt oer ôfskieding.

Oars as de grutte Nederlânske kranten hat de Flaamske krante Het Laatste Nieuws wol omtinken jûn oan de demonstraasje yn Wales.

july 30, 2019 11:55
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.