Nederlânsk erfgoed Yndonezië op Unesco-list

july 7, 2019 08:32

In grut Yndonezysk minekompleks út de koloaniale perioade is opnaam op de Wrâlderfgoedlist fan Unesco. De Ombilin-minen wiene ea de grutste en produktyfste fan hiel Nederlânsk-Yndië.

Sumatra (kaart: Wikipedia/Sadalmelik – lisinsje CC BY-SA 3.0)

Ein njoggentjinde iuw waard der boppe Padang in tige oantreklike stienkoalier ûntdutsen. Ticht ûnder it oerflak bliek in grutte hoemannichte koal fan hege kwaliteit te wêzen. It like lykwols tige dreech om de koal út de bergen fan Sumatra te krijen.

Om dat mooglik te meitsjen waard der troch it gebiet in spoarline fan 150 kilometer oanlein en in djippe koalehaven, de Emmahaven. By de myn waard in bedriuwsstêd boud mei huzen foar arbeiders, in hospitaal en in mynbouskoalle. Der kaam ek in finzenis, mei’t der ek detinearren oan it wurk set waarden.

De myn gie pas yn 1998 ticht. Sûnt 2004 wurkje Yndonezië en Nederlân gear oan it behâld fan it stedsje. Yndonezië hopet dat de kombinaasje fan natuer en yndustrieel erfgoed in nije toeristyske trekpleister wurde sil.

Op de jierlikse erfgoedsesje fan de Unesco, diskear yn haadstêd fan Azerbeidjaan Bakoe, binne oant no ta 21 nije lokaasjes opnaam. Neist de Ombilin-minen binne dat bygelyks de iuwenâlde stêd Babylon yn Irak, de midsiuwske wetterwurken fan it Dútske Augsburg en fortstêd Jaipur yn Yndia. Yn totaal stean der 1113 lokaasjes op de Wrâlderfgoedlist.

july 7, 2019 08:32
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.