Museum Plus Bus bringt besite oan Frysk Museum

july 6, 2019 08:43

De Museum Plus Bus ried tongersdei 4 july foar it earst nei it Frysk Museum yn Ljouwert. Mei dy bus ride âlderen dy’t net mear by steat binne om selsstannich musea te besytsjen. Troch de nije gearwurking kinne âlderen út it noarden no dochs mei it museum yn Ljouwert yn ’e kunde komme. Hja krigen de dei kosteleas oanbean tanksij de dielnimmers fan de BankGiro Lotterij.

Foto: Ruben van Vliet

Foarsitter fan de Stichting Museum Plus Bus Hendrikje Crebolder is tige bliid mei de gearwurking: “Mei it Frysk Museum berikke we mear âlderen yn de noardlike provinsjes. It Frysk Museum is in prachtich museum oer de Fryske skiednis en hat in protte werkenber erfgoed dat ús âlderen noch fan eartiids kenne.” Frysk Museum-direkteur Kris Callens is ek wiis mei it inisjatyf: “Wy binne grutsk dat we troch ús nasjonale útstrieling it berik fan de groeiende groep âlderen fergrutsje kinne.” De plakken foar dit jier binne ûnderwilens útferkocht. De ynskriuwing foar 2020 set útein op tiisdei 1 oktober 2019 om 9.00 oere fia de webside fan de Museum Plus Bus. Oanmelde kin foar groepen fan op syn minst tritich en op syn heechst 45 persoanen, begelieding ynbegrepen.

Foto: Ruben van Vliet

Museum Plus Bus
Stichting Museum Plus Bus is in gearwurkingsprojekt fan Nederlânske musea en rydt sûnt 2008 spesjaal foar groepen âlderen dy’t net mear by steat binne selsstannich in museum te besytsjen, fanwege har lichaamlike kondysje, isolearre leefomjouwing en/of finansjele situaasje. Mei in folslein fersoarge dei-arranzjemint besoarget de Museum Plus Bus senioaren in ûnferjitlike kulturele dei út. De stipe fan de BankGiro Lotterij en syn dielnimmers makket it mooglik om it arranzjemint kosteleas oan te bieden.

july 6, 2019 08:43
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.