Mjitte mei twa mjitten

july 3, 2019 19:05

Ynstjoerd

De ûntfiering fan de Grinzer fûgelspotter Ewold Horn yn de Filippinen is útrûn op in bloedich drama. Neidat er sân jier lang gizele west hie troch de islamityske terreurgroep Abu Sayyaf is Horn deasketten doe’t er besocht om te ûntsnappen. No kin men jin ôffreegje oft Horn him net moedwillich yn gefaar bejûn hat troch nei sa’n gefaarlik gebiet te gean, mar dat nimt net wei dat it Nederlânsk regear neffens my de plicht hat te besykjen syn boargers te beskermjen. De fraach is no oft it regear wol genôch war dien hat om Ewold frij te krijen.

De Australiër Warren Rodwell, dy’t sels krekt as Horn gizele waard troch Abu Sayyaf en wol frijlitten waard nei betelling troch syn famylje fan 94.000 Australyske dollars losjild en mei stipe fan it Australysk regear, twivelet dêroan: “Ik bin bliid dat ik gjin Nederlânsk boarger bin. Ewold wie simpelwei in fergetten ferhaal.” Dy wurden wurken op de ferantwurdlike minister Blok as in reade lape op in bolle, hy waard poerlulk en neamt it ûnsin dat Nederlân te min dien hawwe soe. Mar wat Nederlân dan wol dien hat wol er net sizze. Faaks troch tapassing fan stille diplomacy, mar dy wie dan wol hiel stil.

De Filippynske sosjaal wurker Victor Taylor hat ek krityk op Nederlân. Hy hat as tuskenpersoan ferskillende troch Abu Sayyaf ûntfierde gizelers frij witten te krijen. Hy hat syn help oanbean oan it ministearje fan Bûtenlânske Saken, mar dat gie dêr net op yn. Dêrmei is it ministearje neffens my mei skuldich oan de dramatyske ôfrin fan de gizeling fan Horn. Ik bin bang dat Blok tocht hat: eigen skuld, dikke bult.

Hoe oars hat Nederlân reagearre doe’t yn 2002 Arjan Erkel, meiwurker fan Artsen zonder Grenzen yn de Russyske dielrepublyk Dagestan ûntfierd waard troch Tsjetsjeenske moslimrebellen. De doetiidske premier Balkenende hat him sels ynspand by Poetin om it ûndersyk mei mear faasje oan te pakken. Nei twa jier waard Erkel frijlitten neidat it Nederlânsk regear 1 miljoen euro losjild betelle hie. De ynspanningen fan Nederlân yn it gefal fan Horn steane yn skril kontrast ta it gefal fan Erkel. De reden sil wol wêze dat Horn in deagewoane jonge wie dy’t gjin machtige organisaasje as Artsen zonder Grenzen efter him hie. It is sa’t James Orwell seit: “All animals are equal but some more than others.” Neffens my soe in moasje fan wantrouwen tsjin Blok yn de Twadde Keamer wol op syn plak wêze as er net ferklearje kin wat Nederlân dien hat om Horn te rêden.

Jehannes Elzinga
Frjentsjer

july 3, 2019 19:05
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Sybren Singelsma july 13, 13:15

    Liket mij in gefal foar keamerfragen?

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.