Minsken op it spoar smiten yn Frjentsjer en Dútslân

july 30, 2019 16:51

Op it stasjon fan Frjentsjer is snein in man slim mishannele en dêrnei op it spoar smiten. Hy hat swiere ferwûnings oprûn. “Gelukkig reed er geen trein”, seit in wurdfierder fan ‘e plysje. In njoggentjinjierrige ynwenner fan Ljouwert is fêstnommen. De plysje siket tsjûgen fan ‘e misdie.

Yn Dútslân binne ferline wike twa minsken omkommen trochdat se foar de trein smiten waarden. Yn Frankfurt am Main smiet in man in frou en har soan op ‘e raljes. De achtjierrige jonge waard troch de trein deariden. Yn Voerde treau in drugsbrûker in 34-jierrich frommeske foar in oanstoarmjende trein, neffens tsjûgen sûnder oanlieding. Beide dieders binne fêstset.

july 30, 2019 16:51
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.