Minsken mei beheining rinne fêst yn regels en systemen

july 1, 2019 08:51

MEE hat op 19 juny it Trend- en Sinjalearringsrapport 2019 útbrocht. Dêr is yn te lêzen hoe’t minsken mei in beheining noch hieltyd fêstrinne yn wet- en regeljouwing, dy’t just bedoeld is om harren te helpen. Faak laat dat ta skrinende situaasjes.

Foto: MEE

Yn it rapport stean de knyppunten yn it soarchsysteem beskreaun, dy’t de MEE-kliïntstipers it ôfrûne jier yn harren deistich wurk tsjinkaam binne. It jout dêrmei ynsjoch yn de problemen dêr’t minsken mei in beheining tsjinoan rinne by it krijen fan soarch en stipe, en de ynfloed dêrfan op harren libben. Njonken it freegjen fan omtinken foar de problematyk, brûkt MEE it rapport ek om mei wetjouwer, beliedsmakkers en soarchoanbieders yn petear te gean oer in mienskiplike oanpak.

Santjin praktykferhalen
Yn it rapport stean de ferhalen fan santjin minsken. Alle ferhalen sketse in praktyksituaasje dy’t in protte foarkomt, de knyppunten dy’t derby hearre en de mooglike oplossings. De praktykferhalen meitsje dúdlik hoe’t de knyppunten gearhingje en har opsteapelje.

Yn it rapport stiet in skala oan oplossingsrjochtings. Spitigernôch binne ienfâldige oplossings net foarhannen. By de beskreaune knyppunten spylje ferskate faktoaren, systemen, wetten en regels in rol, dy’t soms tsjininoar ynwurkje. Om dat oanpakke te kinnen, binne passende maatregels nedich en de ynset fan ynnovative metoaden. Dat freget fleksibiliteit en kreativiteit.

It rapport is, yn it bywêzen fan in kliïntstiper en in ûnderfiningsdeskundige, oerlange oan minister De Jonge fan Folkssûnens. “As wy de soarch foar minsken mei in beheining en harren neisten ferbetterje wolle, dan moatte wy begripe hoe’t harren libben is. Wy moatte leare om mei harren eagen te sjen. MEE helpt dêr mei dit rapport by.”

Adresleas en út byld
Ien fan de praktykferhalen yn it rapport is dat fan Anja (35): hja hat in licht ferstanlike beheining, is ferslave en dakleas, en kampt mei gedrachsproblemen. Mei’t se gjin ynkommen en gjin soarchfersekering hat, komt se net yn ’e beneaming foar soarch út de Wlz (Wet langduorjende soarch). Hja kin lykwols gjin útkearing krije, om’t se gjin wenadres hat. En sûnder ynkommen kin se gjin wenferbliuw regelje. Ferskate ynstânsjes wize nei-inoar en Anja rekket út byld.

Mjitwurk is nedich
De stipe en soarch foar minsken mei in beheining binne opnaam yn ferskate wetten, lykas de Wet maatskiplike stipe (Wmo), de Wet langduorjende soarch (Wlz), de Jeugdwet en de Partisipaasjewet. Dêrneist kinne se gebrûkmeitsje fan alderhande foarsjennings en regelingen, lykas skuldhelpferliening, ferfier, ûnderwiis en regelingen op it mêd fan wurk en ynkommen. Foaral dêr’t de problematyk kompleks is en dêr’t minsken mei ferskate wetten en regels te krijen hawwe, dogge har gau knyppunten foar. In protte fan de sinjalearre knyppunten freegje dêrom om it trochbrekken fan skotten yn de wet- en regeljouwing en it bieden fan oanpaste oplossings.

Sjoch hjir foar de online ferzje fan it MEE Trend- en Sinjalearringsrapport 2019.

Oer MEE Grinslân en MEE Fryslân
MEE stipet minsken mei in beheining en harren netwurk op alle libbensmêden en yn alle libbensfazen, sadat se nei fermogen meidwaan kinne yn de maatskippij. MEE wurket gear mei gemeenten en advisearret (maatskiplike) organisaasjes, bedriuwen en oerheidsynstellings oer hoe’t se harren tsjinstferliening better tagonklik meitsje kinne foar minsken mei in beheining.

july 1, 2019 08:51
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.