Lifelines en Certe smite de lapen gear

july 18, 2019 09:30

Yn july ferline jier waard bekend dat Lifelines finansiering kriget foar de tredde ûndersyksomgong, dy’t yn oktober 2019 úteinset. Foar it sammeljen fan data en lichemsmaterialen sil Lifelines gearwurkje mei Certe, in organisaasje foar medyske diagnostyk yn Noard-Nederlân.

Wêrom gearwurking?
Noard-Nederlân is yn Europa in erkende foarrinner op it mêd fan sûner âld wurden. Lifelines en Certe diele dy ambysje om by te dragen oan in sûnere maatskippij. Neist dy dielde takomstfyzje, binne der praktyske redenen om de gearwurking fierder foarm te jaan. Mei’t de Lifelines-lokaasjes ein 2017 neffens plenning sletten binne, is socht nei in profesjonele organisaasje yn Noard-Nederlân dy’t de winske service en kwaliteit biedt en boppedat oer regionale lokaasjes beskikt. Yn Certe is dy partij fûn.

Saakkundigens
By it foarmjaan fan de tredde ûndersyksomgong fan Lifelines stean ynnovaasje en effisjinsje sintraal. Sa is in wichtich foardiel fan de gearwurking dat Certe ferskate lokaasjes ta syn foldwaan hat dy’t gaadlik binne foar de ûndersiken fan Lifelines. Certe foldocht oan de kwaliteitsnoarmen dy’t steld wurde yn it ramt fan de ISO-sertifisearring en meiwurkers hawwe ûnderfining en binne saakkundich. Wêr nedich en mooglik wurde lokaasjes yn de regio útwreide, sadat der foar dielnimmers in lokaasje yn ’e buert is. Fansels is de privacy fan sawol Lifelines-dielnimmers as pasjinten fan Certe boarge.

Wat betsjut it foar dielnimmers?
Foar dielnimmers feroaret der net folle. Hja bliuwe dielnimmer oan it unike Lifelines-projekt en Lifelines bliuwt harren oansprekpunt. It iennige dat feroaret, is dat sy foar de twa besites (it dwaan litten fan de mjittings en it sammeljen fan lichemsmaterialen) wolkom hjitten wurde op in Certe-lokaasje. Dielnimmers wurdt fan oktober 2019 ôf útnûge. Dy omgong nimt ek likernôch fiif jier yn beslach. Foar guon dielnimmers kin it dêrom noch in skoft duorje foar’t sy in útnûging krije.

july 18, 2019 09:30
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.