Liet International 2020 yn Deensk Noard-Sleeswyk

july 31, 2019 15:10

Liet International 2020 sil ien fan de offisjele aktiviteiten wêze fan de fiering fan it hûndertjierrich bestean fan de grins tusken Denemarken en Dútslân, en ek fan de hûndertste jierdei fan de Dútske minderheid yn de Deenske regio Noard-Sleeswyk.  It festival is dit jier op 3 en 4 april yn Gazzværket, in populêre konsert- en nachtklup (www.gazzvaerket.dk) yn de stêd Apenrade/Aabenraa yn it suden fan Denemarken. Liet International 2020 wurdt organisearre yn gearwurking mei Bund Deutscher Nordschleswiger (BDN), de oerkoepeljende organisaasje fan de Dútske minderheid yn Denemarken.

Noardlik fan de Deensk-Dútske grins yn Noard-Sleeswyk wenje sa’n 15.000 minsken dy’t by de Dútske minderheid hearre. Dy minderheid hat eigen skoallen en in grut ferskaat oan sosjale en kulturele organisaasjes en soarget foar in wichtige skeakel tusken de Dútske en Deenske kultueren.

De “call for new songs” foar Liet International 2020 is no offisjeel iepen. Oant tongersdei 31 oktober 2019 kinne muzikanten út hiel Europa, dy’t sjonge yn in regionale of minderheidstaal, har opjaan. Mear ynformaasje kin fûn wurde op https://liet-international.com/

It sjongfestival fan dit jier is in bytsje oars as eardere edysjes. Tweintich akts sille selektearre en útnûge wurde om nei Denemarken ôf te reizgjen. Op freed 3 april sille dy allegearre foar publyk en sjuery optrede. Tsien fan harren sille selektearre wurde foar de grutte finale op sneon 4 april 2020. Dat is beide kearen yn Gazzværket.

It sjongfestival foar regionale en minderheidstalen Liet International is in Frysk inisjatyf en waard yn 2002 foar de earste kear organisearre yn Ljouwert. Sûnt 2006 reizget it festival troch Europa en sûnt 2008 ûnder de beskerming fan de Ried fan Europa. It lûkt elts jier in soad oandacht fan de media – fan BBC oant Al Jazeera – en is útgroeid ta ien fan de grutste eveneminten foar de promoasje fan minderheidstalen. De edysje fan 2018 waard yn Ljouwert holden.

Mear ynformaasje oer de Dútske minderheid en de Dútsk-Deenske grinsregio kin hjir fûn wurde: www.bdn.dk & www.nordschleswig.dk

july 31, 2019 15:10
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.