LF2028 jout mei triënnales ferfolch oan Kulturele Haadstêd

july 16, 2019 09:26

Mear as sechtich projekten, trije triënnales en folop romte foar regionale en ynternasjonale talintûntwikkeling. Ofrûne tongersdei presintearre Ljouwert-Fryslân 2028 it programmaboek Generatie 2028 dat de Fryske kultuer de kommende jierren fersterkje moat. “En dat slagget as wy ambisjeus doarre te wêzen.”

Foto: Erik & Petra Hesmerg Fotografie

It programma is opboud om trije triënnales hinne (2022, 2025 en 2028). Yn dy jierren wurdt grut útpakt. Yn de perioaden tusken de pykjierren is ek genôch te dwaan. “Wy wolle yn 2025 European Green Capital wurde”, seit artistyk lieder Sjoerd Bootsma. “En wy binne yn ’e race foar UNESCO City of Literature. Kulturele Haadstêd wie sá súksesfol, elkenien wol troch.”

Keunst en kultuer brochten yn oanrin en yn it Kulturele Haadstêdjier tsientûzenen minsken yn beweging. Bootsma: “Kulturele Haadstêd hat Fryslân leard dat wy net allinnich in provinsje fan Nederlân binne, mar ek in sterke, kreative regio yn Europa. In regio dy’t keunst ynset foar maatskiplike ûntwikkeling.”

Saaklik lieder Lieuwe Krol seit: “Mei deselde enerzjy en ambysjes pakke wy troch. Yn gearwurking mei jonge kultuermakkers, op ferrassende plakken en troch bysûndere programmearring.” En ek al is 2019 in brêgejier, it kulturele seizoen yn Fryslân is yn folle gong en ûntwikkelet him sterk. It artistike fjild yn de provinsje hat him feriene. Dy gearwurking laat ta mear eveneminten op it mêd fan (poadium)keunsten, film en byldzjende keunst.

Benammen yn de pykjierren 2022, 2025 en 2028 wol LF2028 wer grutte eveneminten organisearje. “De lêste jierren is it Fryske ferlet om dingen grut oan te pakken tige tanaam”, seit Lieuwe Krol. “Wy rinne hjir mei it boarst foarút, mei’t de belangstelling foar stêd en provinsje geweldich groeid is. Wy hawwe folle mear selsbetrouwen krigen.”

july 16, 2019 09:26
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.