Lêzing Raerd: Ferhaal fan in wrâldreis

july 2, 2019 09:09

Sneintemiddei 7 july wurdt yn de Laurentiustsjerke fan Raerd in lêzing organisearre oer in wrâldreis, dy’t de susters Jo en Addie van Slooten út Raerd fan 1909 oant 1911 makken. Jo hat fan dy reis in wiidweidich ferslach makke, dat ferline jier yn print ferskynd is.

Ofbylding: Brave New Books

Ferantwurdlik foar it resultaat binne de bruorren Hans en Peter van Fenema, beppesizzers fan Jo. De titel is: Verhaal van een wereldreis 1909-1911. Het reisjournaal van de Friese zusters Jo en Addie van Slooten.

Neamde froulju wiene de dochters fan âld-boargemaster Adrianus Henricus van Slooten en syn frou Maria Clara van Sminia. Hobbe Baerdt van Slooten, boargemaster fan Raerderhim fan 1896 oant 1912, wie harren broer. Doe’t se oan de reis begûnen, wie Jo 34 jier âld en Addie 42. Beiden wiene noch net troud. Hja setten útein yn Genua en dêrnei reizgen se fia Amearika, Japan, Sina, Nederlânsk-Yndië, Yndia en Seylon om ek wer yn Genua te einigjen. De langste tiid ferbleaune se yn Nederlânsk-Yndië op de tabaksplantaazje fan harren neef Eelco.

Yn ’e hjerst fan ferline jier is it boek presintearre op in gearkomste yn it Histoarysk Sintrum yn Ljouwert. Ta gelegenheid fan de presintaasje waarden twa lêzings holden: de iene troch prefester Yme Kuiper, saakkundige yn Fryslân as it giet om de rol dy’t de adel yn ús provinsje spile hat, de oare troch de bruorren Van Fenema, dy’t it publyk meigenietsje lieten fan de hichtepunten fan de reis fan harren beppe en âldmuoike.

Nei ôfrin wie elkenien it der wol oer iens dat it programma yn Raerd werhelle wurde moast. En dat sil dus barre op 7 july. De gearkomste set om 14.00 oere útein mei in ferhaal fan Yme Kuiper oer Jongemastate yn Raerd en harren lêste bewenners, de famylje Van Slooten. Hy sil ek wat oer it libben yn Nederlânsk-Yndië fertelle. Nei in koart skoft ferfolgje Hans en Peter van Slooten it programma mei it – fansels tige ynkoarte – reisferslach fan harren beppe.

Tagong en kofje ensfh. binne fergees. Nei ôfrin is by de útgong in kollekte om de ûnkosten te drukken.

july 2, 2019 09:09
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.