Legere taaleasken foar nije rjochters, mar oer it Frysk wurdt net praat

july 27, 2019 17:26

Honoré Daumier, ‘trije rjochters yn oerlis’ (likernôch 1860)

Om de drompel foar minsken mei in ymmigraasje-eftergrûn te ferleegjen, is koartlyn de taaltoets foar minsken dy’t rjochter wurde wolle oanpast. Dat skriuwt de NOS op syn webstee. Oan it wurd is Marieke Koek, presidint fan it Gerjochtshôf yn De Haach en foarsitster fan ‘e lanlike seleksjekommisje foar nije rjochters.

“Als de samenleving verandert, moeten wij mee veranderen, ook als het gaat om hoe wij onze mensen werven”, seit frou Koek. Neffens de rjochtbankpresidinte is kennis fan âlde sprekwurden net nedich foar in rjochter. De nije toets test neffens har “het analoge en analytische denken”. Rjochters moatte ek in saneamd assessment dwaan.

Marieke Koek seit dat rjochters hjoed de dei faak froulju binne. Hja pleitet foar mear manlju en mear minsken fan bûtenlânsk komôf as rjochter. Oer easken oan de behearsking fan it Frysk en it oanpart Friezen yn ‘e rjochtspraak hat hja it net hân.

Klik hjir om it fraachpetear op it webstee fan de NOS te lêzen.

july 27, 2019 17:26
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.