Keunst-teaterfestival op 21 septimber 2019 yn Akkrum/Nes

july 12, 2019 08:55

In teaterfestival mei optredens op hast tweintich lokaasjes by de Keunstrûte yn Akkrum del

Koaren, sjongers, musisy, dûnsers en strjitartysten komme op sneon 21 septimber 2019 mei harren eigen foarstelling by de keunstwurken, dy’t sûnt de maitiid op ferskate plakken yn it doarp útstald wurde. De organisaasje is yn hannen fan it Akkrumer Dreamteater, dat ek in grut part fan de oanklaaiïng fan de New York-dagen yn 2018 foar syn rekken naam.

Foto: Hennie Sixma

Fan 11.00 oant 16.00 oere binne der by de lokaasjes ferkate programma’s. De tiidstippen fan de optredens fariearje, mar de hiele dei troch is der fan alles te belibjen, fertelle Eelco Sixma en Agnes Kruiper fan Dreamteater Akkrum. Yn ’e mande mei oare frijwilligers binne se al moannen mei de tariedings dwaande.

De dielnimmende artysten hawwe elk ien fan de keunstwurken yn Akkrum adoptearre. Yn de measte gefallen wurde de optredens op it keunstwurk sels basearre. By de keunstrûte yn Akkrum del hingje 22 doeken yn de bûtenlucht, nochris fjirtjin doeken stean by jachthaven Tusken de Marren. De fjouwer kilometer lange rûte dwers troch Akkrum kin kuierjend ôflein wurde.

Masterwurk
Sintraal startpunt is de Tsjerkebleek, deun neist de Terptsjerke yn Akkrum. De hiele dei sille dêr aktiviteiten wêze. It bernekeunstatelier ‘Meitsje dyn masterwurk’ stiet ûnder lieding fan skilderes Denise Visser fan Nes. Bern kinne dêr harren eigen masterskilderwurk meitsje. Foar jong en âld is der gelegenheid om mei-inoar in doarpsskilderij te meitsjen. It metersgrutte doek wurdt letter yn it doarp ophongen. Op de Tsjerkebleek is muzyk en is der in hoarekaplein. Ynwenners kinne dêr ek eigen keunst útstalle of ferkeapje.

Figuranten
Ynwenners dy’t krekt as mei de New York-dagen yn 2018 meidwaan wolle oan it strjitteater, binne fan herte wolkom. Utfierings en teater passend by it tema keunst en figuranten bygelyks ferklaaid as keunstner, Rembrandt of libben byld, binne in prachtige oanfolling, neffens de organisatoaren.

Mei it Teaterfestival Akkrum kinne besikers yn sealesintrum De Lantearne op in grut skerm in bysûndere presintaasje sjen. Keunstfotografen, dy’t harren wurk by de keunstrûte lâns hingjen hawwe, binne frege om op har eigen wize op ien fan de doeken by de rûte lâns te reagearjen. It resultaat is de hiele dei trochrinnend te besjen.

Mear ynformaasje en ynspiraasje op de webside fan Akkrumer Dreamteater, dy’t op de side fan de Doarpskeamer ED yn Akkrum te finen is: doarpskeamer-ed.nl/akkrumer-dream-teater.

july 12, 2019 08:55
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.