Kataloanië ferpoft it om syn ôfharke ambassades te sluten

july 30, 2019 12:55

Foto: Unsplash / Sergio Nista

De Fryske ambassades yn Amsterdam en De Haach hawwe nea in minske yn ‘e wei west, mar de Katalaanske ambassades yn Berlyn, Londen en Genève besoargje de politisy yn Madrid gâns frustraasje.

Ticht moatte se, is it betinken fan it Spaanske ministearje fan útlânske saken. Neffens de Spaanske minister fan útlânske saken Josep Borrell binne se “dúdlik skealik foar de Spaanske belangen”. It ministearje hat it Katalaanske regear it befel jûn om de ambassades te sluten, omdat se bydrage soene oan “in ûngrûnwetlik ôfskiedingsprojekt”.

Borrellgate

In pear wike lyn waard buorkundich dat it Spaanske regear ferskate fertsjintwurdigings fan Kataloanië yn it bûtenlân ôfharkje litten hie. Dat hat yn Kataloanië foar in protte opskuor soarge. De Katalaanske presidint Torra easke dat minister Borrell opstappe soe. Hy neamde it ôfharkskandaal “Borrellgate”.

“Te let”

De heechste Katalaanske rjochter hat moandei oardiele dat Kataloanië syn ambassades iepen hâlde mei. De ambassades binne yn 2017 op oanwizing fan Madrid sletten en yn septimber 2018 wer iepene. Om’t Madrid dêr doe gjin formeel beswier tsjin makke hat, is it neffens de rjochters no te let om noch te easkjen dat se ticht moatte.

Dútske rjochter

De Spaanske oerheid kin sels wol juridyske aksje ferwachtsje. Marie Kapretz, de Katalaanske ambassadrise yn Dútslân, hat oankundige dat hja it Spaanske regear foar de Dútske rjochter daagje wol foar it oantaasten fan har privacy. Hja seit dat it ûnakseptabel is dat hja sels yn har frije tiid troch Spanje bespionearre is en dat wat hja yn har priveelibben dien hat, brûkt wurdt om in politike striid tsjin Kataloanië te fieren.

Katalaansk netwurk

Kataloanië hat yn trettjin lannen offisjele fertsjintwurdigings, dy’t dêr de hannelsbelangen fertsjintwurdigje en it politike lûd fan ‘e Katalaanske oerheid hearre litte. De ambassades ûnderhâlde ek kontakt mei Katalanen om utens, sadat der in sterk ynternasjonaal Katalaansk netwurk ûntstien is. Koartlyn hat Kataloanië ambassades iepene yn Tunesië, Argentinië en Meksiko. It is net ûngewoan dat regio’s har eigen fertsjintwurdigings yn it bûtenlân hawwe, mar faak is dat op lytsere skaal. Fryslân, Grinslân en Drinte hawwe bygelyks in mienskiplike fertsjintwurdiging yn it Huis van de Nederlandse provincies yn Brussel.

july 30, 2019 12:55
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.