Katalaanske presidint Torra jout Spaanske justysje lange noas

july 30, 2019 12:12

Joaquim Torra i Pia.
Foto: Wikipedia / Josep Renalias (CC).

Fjirtjin dagen lyn berjochte It Nijs oer de ferfolging fan de Katalaanske presidint Joaquim Torra troch de Spaanske justysje. Torra wurdt derfan beskuldige dat er wegere hat om giele linten fan oerheidsgebouwen te ferwiderjen. Dy binne in symboal fan de Katalaanske ôfskiedingsbeweging.

Torra hat dêr in boete fan 8500 euro foar krige. Dy sil er lykwols net betelje, sa hat er moandei sein. “Alle kearen as de frijheid fan mieningsutering bestraft wurdt, dan werhelje wy it boadskip”, die er te witten. It Katalaanske regear sil yn berop tsjin de feroardieling.

july 30, 2019 12:12
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.